Presintaasje stripboek ‘It Blauwe Hûs’

septimber 5, 2020 08:48 Fernijd

Sneon 12 septimber de moarns om 10.00 oere wurdt yn ’e Sint Fitustsjerke fan Blauhús it Frysktalich histoarysk stripboek It Blauwe Hûs fan tekener Skelte Braaksma presintearre.

Ofbylding: Skelte Braaksma/Utjouwerij DeRyp

De strip fertelt de skiednis fan it doarp Blauhús oan ’e hân fan twa personaazjes dy’t inoar alle iuwen wer tsjinkomme. Hja meitsje alle grutte mominten fan it doarp mei, lykas oerstreamingen, it drûchlizzen fan de Sensmar (1630) tusken Greonterp en de Himdyk en de tiid dat it polderhûs mei blau tek – no fersoargingshûs It Teatskehûs – tsjinst die as skûltsjerke. Mar ek de evolúsje yn ’e tsjerke, de molkestaking yn ’e oarloch en doarpsfeesten lykas karnaval en de Merke steane deryn. It lânskip feroaret stadichoan yn it ferhaal, want de tiid hat yn Blauhús ek net stilstien.

Nei in fraachpetear mei tekener Skelte Braaksma nimt Bert de Jong fan Wurkgroep Histoarysk Blauhús it earste eksimplaar yn ûntfangst. Dêrnei is it boek te keap en sil Braaksma sinjearje.

Earder wurk fan tekener Skelte Siweris Braaksma binne ûnder oare de histoaryske stripboeken Fete en Magnus. It oarspronklike idee foar it útjaan fan de strip ûntstie yn 2018 by in Kultuertop fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

De presintaasje is ek it startsein foar de Monumintedei mei ferskate aktiviteiten yn en by de Blauhúster Sint Fitustsjerke.

Stripboek It Blauwe Hûs is nei 12 septimber te keap yn ’e boekhannel of fia Utjouwerij DeRyp.

septimber 5, 2020 08:48 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.