Poëzij skriuwe is: it ferrekke om te fersûpen yn de rotsoai

septimber 7, 2020 12:34

Skôging

troch Abe de Vries

It wurd ‘poëzij’ komt fan it Grykske ‘poiesis’ (meitsje, skeppe, foarmje). Dyjinge dy’t poëtyske produkten (gedichten) makket (skriuwt), neame wy in dichter (poëet). Is it maklik om gedichten te meitsjen? Ast de Fryske poëzij – of dat wat sa neamd wurdt – fan ’e lêste jierren ris neirinst, soest hast sizze fan al.

Want oeral komt men se tsjin – ‘gedichten’. Wurden ferve op túnsketten, wurden tekene op in strân, wurden útbeitele op grêfstiennen, op strjitstiennen, plattrape yn weetfjilden, printe op spandoeken, en foaral: wurden delkwakt op byldskermen. Allegear ‘poëzij’. Wy hawwe in grut ferlet fan poëzij, sa liket it. Iepening fan it kulturele seizoen? Dêr moat in dichter by. Eksposysje hjir of dêr? Dêr moat in dichter by. Treast fanneden om’t in firus jo dwers sit? Mailtsje nei in dichter. Moat in doarp/stêd/provinsje/lân op ’e kulturele kaart? – Goed, jo begripe it al.

Aansens, 19 septimber, trapet Rotterdam syn ‘nieuwe culturele seizoen’ ôf. In hiel o-heden. Poetry International, oait in serieus poëzijfestival, hat yn ’e mande mei ‘een keur aan Rotterdamse festivals’ regele dat yn dy stêd in ‘veelzijdige culturele route’ te genietsjen falt mei de namme ‘First Steps’. Lâns dy rûte stean ek dichters, dy’t konkurrearje sille mei ‘tientallen meest gratis optredens op het gebied van circus, dans, opera (..) en theater op vele podia en daken’.

Poëzij as merkefermeits. Is dat yn Fryslân oars? Wolnee. Hjir hawwe wy sels in spesjaal boekingsburo foar ‘dichters’, dat is it ‘dichterskollektyf’ Rixt. Binne jo in gemeente, provinsje, bedriuw, ynstelling, tehûs, stichting, feriening, tsjerke, sosjeteit, bank op ’e Bahama’s of geitefok mei ferlet fan in stichtlik-dichterlik wurd op jo feestje? Samar klear. Skilje Rixt. Of de Dichter fan Fryslân. Of de Dichter des Vaderlands. Of de gemeentedichter. Der is karút, folle net genôch.

Men kin sizze dat der sadwaande, yn Nederlân, en yn Fryslân likegoed, in ‘poëzij-ekonomy’ ûntstien is. En krektlyk as yn ’e echte ekonomy kinne jo kwaliteit keapje of rotsoai. Mar der is ek in net-ûnbelangryk ferskil. Dêr’t yn ’e echte ekonomy kwaliteit yn ’e regel in stik djoerder is as rotsoai, is it yn ’e nije poëzij-ekonomy krekt oarsom. De hannel yn rotsoai sit ommers in stik mear libben yn as de hannel yn kwaliteit. Logysk fansels. Gedichten sûnder kwaliteit wolle oeral wol hinne, gedichten mei kwaliteit litte har net sa maklik misbrûke.

Dy lêste soarte gedichten neame we yn ’e regel Keunst. Mar dat is hast in smoarch wurd wurden. In elitêr wurd, dat him – sa is it tinken – fier ferheven fielt boppe gewoane, begryplike taal foar gewoane, begryplike minsken. Op syn minst sûnt ‘2018’, en miskien wol al earder, is Keunst yn Fryslân taboe. Hoe’t dat sa kaam is? Frysktalige Keunst lit him net stjoere, dat sil it wêze. Dy tsjinnet mar selden as stipe foar provinsjaal belied, wol net ynstrumintalisearre wurde, docht gjin konsesjes oan it minne taalûnderwiis, praat de deputearre net nei de mûle, kin net opsletten wurde yn in ynstitút, hat gjin lidmaatskipsbewiis fan de FNP of in oare politike partij. Frysktalige Keunst is qualitate qua kritysk oer alles wat er sels docht en oer alles wat er om him hinne sjocht.

Miskien keart it tij en wurdt de goegemeente noch krekt op ’e tiid wekker. Dit is de wekker. Harkje mar, dêr giet er ôf! En dêr stapt Douwe T. nei foarren, dy’t wat koe wat oaren net samar slagge. En fan syn striesek ôf komt Douwe K., dy’t gie dêr’t oaren gelokkich net hoege te gean. En Tsjêbbe ferroert in fin, dy’t swom dêr’t oaren net gau swimme. Tjitte wuift ús ta, ek al sa’n singelier reizger. Ella meldt har, Tiny ek, en Aggie. Al dy lju en noch in protte oaren nûgje ús út om har wurk te lêzen. It op ús ynwurkje te litten.

It net yn ’e steek te litten. Want dat dogge wy tsjintwurdich. Wy litte ús echte skriuwers yn ’e steek. Wy sizze eins: tankewol, bêste minsken, mar tsjintwurdich is elk in dichter. Elk is in keunstner. No mei dat út in beskaat perspektyf wei sjoen sa wêze, of it soe sa wêze kinne, as wy it teminsten sa begripe dat elk minske de potinsje yn har of him hat om keunst te meitsjen. Op dy potinsje hawwe de sechstiger jierren wiisd en dat lûd hoecht ek hielendal net oan kant. Mar de mooglikheid, de kapasiteit ynhawwe, betsjut noch net dat der úteinlik wat fan op ’e hispel komt. Bloed, swit en skriemen binne noadich, sil der wat fan op ’e hispel komme.

It bleke kulturele profyl dat de nije ‘poëzij-ekonomy’ sjen lit, makket dúdlik dat dy wierheid op ’e nij yn it omtinken brocht wurde moat. Wolsto poëzij skriuwe? Okee, mar wat hasto te melden dat in oar net al lang en breed sein en skreaun hat? Hasto de kennis en de feardichheden byinoar sammele dy’t noadich binne om te dwaan watsto wolst? Kensto dyn taal út ’e pinne? Hasto wolris wat fan in oar lêzen? Bloed, swit en skriemen – kinsto dat wol opbringe? Of wolsto leaver tekstkes meitsje sa’t in oar op sneintemiddei sudoku’s docht?

Net elk kin mei taal wat ‘meitsje, skeppe, foarmje’ dat de muoite wurdich is om te lêzen of oan te hearren, sa simpel is it. Dy wierheid liket ús fergetten te wêzen. Dêrom is aksje op twa fronten hurd noadich. Op it foarste plak moat folle mear ynset wurde op ûnderwiis, kursus, masterclass. Net mei lesjouwers dy’t sels noch les fanneden binne, mar mei lju dy’t bewiisd hawwe dat se mei taal, stof en métier oerwei kinne. Op it twadde plak hawwe wy gjin poëzijreklame mar poëzijkrityk noadich: diskusje, debat, in útwikseljen fan ideeën. Ik skriuw ‘noadich’, mar bedoel: hiel hurd noadich.

En wy hawwe meistanners noadich. Minsken en media dy’t oanfiele wêr’t de oast sit en dy’t har ferantwurdlikheid nimme. Media dy’t gjin 200 mar 600 wurden romte hawwe foar poëzijresinsjes. Omroppen dy’t net mar ien útjouwer foar de kamera helje, mar in breder literêr panel brûke foar ferskaat en diskusje. Blêden dy’t net de midsmjitte de himel yn priizgje, mar dy’t mei de dichter meisykje nei hoe’t it better kin. Dat soenen moaie earste stappen wêze, yn in provinsje dy’t altyd sa ‘grutsk’ op fan alles en noch wat seit te wêzen.

septimber 7, 2020 12:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.