Orkaan Haishen berikt Súd-Korea

septimber 7, 2020 08:38

Yn Súd-Korea binne nasjonale parken en treinstasjons ticht fanwegen orkaan Haishen. It fleanferkear leit ek foar in grut part plat. Ofrûne nacht kaam Haishen oan lân yn havenstêd Ulsan.

Foto: pixabay.com

De swiere orkaan giet lykop mei hurde wyn en in protte rein. De wyn treft in gebiet dat twa kear sa grut is as Nederlân. En de rein komt del yn in gebiet dat grutter is as de ôfstân tusken Amsterdam en Madrid. De krêftige wyn hat der yn it uterste suden fan Súd-Korea foar soarge dat hast fiiftûzen minsken sûnder stroom sitte. Guon strjitten binne ûnderstrûpt.

Haishen luts de ôfrûne dei by de súdlike eilannen fan Japan del. Neffens de nasjonale nijsstjoerder NHK binne der 32 minsken ferwûne. Minsken skriuwe op sosjale media dat harren hiele hûs kreaket en skoddet en dat it slimmer is as se ferwachte hiene.

De Japanske oerheid evakuearre hast seis miljoen minsken yn alve provinsjes. Evakuaasjesintra yn Japan koene fanwegen it koroanafirus mar foar de helte beset wurde. In protte minsken moatte no út need by famylje skûlje. Der binne ek minsken yn hotels opfongen en dy sitte no grôtfol.

Moandeitejûn wurdt orkaan Haishen oan ’e kust fan Noard-Korea ferwachte. Meteorologen tinke dat de orkaan yn ’e kommende 24 oeren ôfswakket ta in tropyske stoarm.

septimber 7, 2020 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.