Oplossingen finansjele ôffaller It Hearrenfean

septimber 13, 2020 10:28

Yn opdracht fan de gemeenteried It Hearrenfean hat it kolleezje fan B&W ûndersocht hoe’t de finansjele ôffaller dêr’t wy op 30 augustus oer berjochten (hjir) oplost wurde kin. It kolleezje sjocht trije mooglikheden.

1 It tekoart stean litte en foar 2021 in net-slutende begrutting fêststelle. Ambysje en ynvestearringen bliuwe dan stean en needsaake oanpassingen en besunigingen wurden op ’e lange baan skood. It is de fraach oft de provinsje dêr akkoart mei giet.
2 No kieze en jild frijmeitsje foar nije ynvestearringen en ambysjes. It is de fraach oft op koarte termyn alle konsekwinsjen dêrfan te oersjen binne.
3 No de begrutting 2021 slutend meitsje en yn it mearjierreperspektyf de finansjele ôffaller sa goed mooglik kompensearje

It kolleezje advisearret de ried om foar de tredde oplossing te kiezen. Dan hat de mienskip der it minste lêst fan.
De gemeenteried besprekt de foarstelde oplossingen yn de kommisjegearkomsten fan 21 septimber. Ynwenners kinne yn dy gearkomste ynsprekke. De ried beslút dan oft der in ekstra riedsgearkomste holden wurde moat. dat soe dan op 28 septimber wurde. As dy net nedich is beslút nimt de ried op 5 oktober in beslút oer de foarstellen. De gemeente moat yn novimber in slutende begrutting foar 2021 by de provinsje yntsjinje.

septimber 13, 2020 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.