Op ’en paad foar in Fryske Grûnwet

septimber 14, 2020 10:03

Foto: Stifting Slach by Warns 1345

De manifestaasje op it Reaklif giet op 26 septimber net troch. No haw ik al begrepen dat der wol minsken komme kinne, sille of wolle. Dêr hear ik ek by. Ik bin net sa’n letterlike Warns-fierder, yn de sin dat it dêr gean soe om it betinken (en foar guon noch altiten ferhearlikjen) fan in fjildslach fan hiel lang lyn. Dochs is dy Warnsbetinking ien fan de seldsume gelegenheden dat minsken dy’t bewust ek dwaande binne mei Fryslân, inoar moetsje kinne. Wy soene wat dat oangiet, ferlet hawwe fan wat mear fan sokke dagen yn it jier. Yn de maitiid bygelyks yn alle gefallen ek ien kear.

Mar om no dochs it treffen dêr op it Reaklif wat yn eare te hâlden, haw ik besletten om op sneon 26 septimber fan Starum ôf dêrhinne te rinnen, en dêrnei werom. Ik sil by myn kuier dêrhinne fan it spoarweistasjon Starum ôf in sandwichboerd meifiere, dêr’t mei dúdlike letters op te lêzen stiet: ‘Fryslân in eigen Grûnwet’. Ek as it waait dat it rikket. Ik gean allinnich. As der minsken binne dy’t dy goed fjouwer kilometer en wer werom meirinne wolle, ek goed, mar lit ús dan wol dy oardel meter yn acht nimme. Ik bin der net sa fan oertsjûge dat soks dêr op de frisse Iselmardyk no sa’n sin en doel hat, mar ik wol it bestjoer fan de Stifting Slach by Warns ek net yn ferlegenheid bringe. Ik ried ek in lyts taspraakje ta om de sin fan myn kuier ta te ljochtsjen.

In eigen grûnwet foar Fryslân? Ik tink dat dy, by al dy tendinzen en ûntwikkelingen dy’t op ús ôfkomme, IT ANTWURD is dat wy jaan kinne. Ik haw al in ûntwerp-grûnwet klear en dy gearstald, troch fansels nei de Fryske situaasje te sjen, mar ek nei de grûnwetten fan Switserlân, Yslân, de Feriene Steaten, Dútslân en Dútske dielsteaten, en út soarte ek dy fan Nederlân. Ik wol – foar it eigentlike útstel yn de publisiteit te jaan – eftergrûnen en motivaasje earst graach útlizze yn It Nijs en op it ynternet – en miskien ek yn de tradisjonele media yn Fryslân, mar dêr tink ik earst noch oer nei – en soks sil yn ôfleveringen moatte. Fanwege de terjochte nuansearringen, en ek omdat jo yn in grûnwet net allegearre net yn earste ynstânsje ta de saak dwaande útwreidingen opnimme moatte.

As dat ienris oan ’e gong is, soe elkenien dy’t it ynteressearret, har of him dêroer opponearje kinne. Der sille dan ek oare foarstellen komme en ek dy’t tsjin dy fan my yngeane. Dat heart der allegearre by. Underwilens kin der in komitee foar in Fryske Grûnwet stal krije. As soks dan ienris útkristallisearre is, kinne wy komme ta in foarstel dat troch in grut tal minsken droegen wurdt, en ek ûnderskreaun. Dan is it – al wer yn mienskiplik oerlis – oan de ûndertekeners om mei stimmen te besluten wat de ferfolchstappen wêze kinne: oanbiede oan in polityk lichem (lykas de Steaten fan Fryslân) en/of de heechste rjochter yn Nederlân bygelyks? Of faaks noch better: de foarsitter fan it Europeeske parlemint en in tal ambassaden yn De Haach (te tinken falt oan dy fan Ruslân, Sina en de Feriene Steaten). Om soks fuortdalik mar op it ynternasjonale plan te setten.aah

En dêrnei? Dat hinget foaral ôf fan dejingen dy’t allegearre mei-inoar de grûnwet ûnderskreaun hawwe. Besiket it komitee de politike wei? Of slane wy it paad yn fan de aksjes op ’e dyk? Of beide? Dat duorret noch wol in skoft(ke), mar wy moatte dêr no al fêst oer neitinke.

Kerst Huisman, Ljouwert

septimber 14, 2020 10:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.