Oanslach Parys wie rjochte op Charlie Hebdo

septimber 28, 2020 20:01

De oanslach mei in grut slachtersmes, freed yn Parys, wie rjochte op meiwurkers fan it tydskrift Charlie Hebdo. Dat seit ien fan ‘e fertochten, in Pakistaanske man dy’t nei de oanslach fêstnommen is. De man, Ali Hassan, seit dat er moslim is en dat er de tekenders fan it tydskrift tenei komme woe mei’t dêr okkerdeis spotprinten fan de islamityske profeet Mohammed yn stiene.

By de oanslach rekken twa telefyzjesjoernalisten swierferwûne. Hja wurken yn it gebou dêr’t Charlie Hebdo earder syn redaksjekantoar hie. Wilens is it tydskrift lykwols ferfearn nei in better befeilige plak ta. De fertochte seit dat er dat net wist.

septimber 28, 2020 20:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.