Oanpart skieden ynwenners yn Fryslân tanaam

septimber 14, 2020 08:56

Yn Fryslân is it tal skieden ynwenners dit jier tanaam oant 7,6% (wie 6,1% yn 2010). Skiermûntseach spant de kroan: mei in persintaazje fan 10,7% hat de gemeente it heechste persintaazje skieden ynwenners. Dat en mear docht bliken út in analyze fan Independer op basis fan data fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. Yn it ramt fan de Dei fan de Skieding brocht Independer skiedingssifers yn kaart en ferlike dy mei tsien jier lyn.

Foto: Independer

Grutte provinsjale ferskillen
It oanpart skieden ynwenners leit lanlik op 7,8%. Wol binne der ferskillen de provinsje ûntdutsen. Sa binne Friezen mei in skiedingspersintaazje fan 7,6% ûndergemiddeld faak skieden. Limburch hat it grutste oanpart skieden ynwenners mei in persintaazje fan 8,7%. Oerisel hat just it lytste oanpart skieden ynwenners (6,7%).

Oanpart skieden ynwenners nimt hast oeral yn Fryslân ta
Opfallend genôch naam it tal skieden ynwenners de ôfrûne tsien jier yn hast alle Fryske gemeenten ta, yn trochsneed 1,5%. It heechst wie Skiermûntseach (+3,1%), folge troch Eaststellingwerf (+2,3%) en Smellingerlân (+1,7%). Op Flylân wie it krekt leger (-1,3%).

Opfallende gemeente yn Fryslân
Yn Fryslân wenje – relatyf sjoen – de measte skieden minsken op Skiermûntseach. Yn dy gemeente is nammentlik 10,7% fan de ynwenners skieden. Yn Harns (9,5%) en Ljouwert (8,6%) is it persintaazje skieden ynwenners ek relatyf heech. Fan alle Fryske gemeenten is it persintaazje derfoaroer it leechst yn Dantumadiel: dêr is ‘mar’ 5,4% fan de ynwenners skieden.

Besjoch it oersjoch foar mear ynformaasje oer jo gemeente.

septimber 14, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.