NVWA warskôget om tastjoerd Aziatysk sied fuort te smiten

septimber 11, 2020 08:50

Ware-autoriteiten yn België en Nederlân warskôgje foar pakketsjes mei sied dy’t samar tastjoerd wurde út Sina en oare Aziatyske lannen wei. Wa’t sa’n pakket kriget, wurdt driuwend fersocht de ynhâld fuort te smiten en net yn ’e grûn te dwaan.

Foto: pixabay.com

De kâns bestiet nammentlik dat op dy wize plantesykten yn omrin brocht wurde. In oar gefaar is dat it bûtenlânske, net-kontrolearre sied planten fuortbringt dy’t skaaimerke wurde kinne as ynvasive plantesoarten dy’t de besteande floara ferrinnewearje kinne.

Yn ferskate Europeeske lannen, lykas België en Dútslân, mar ek yn ’e Feriene Steaten en Kanada binne tûzenen gefallen bekend fan samar tastjoerd sied. Yn Nederlân hat noch net ien him meld. Mei de dûane fiert de NVWA kontrôles út op Skiphol, mar oant no ta is gjin ynvasyf of besmetlik sied fûn.

It is ûndúdlik wêrom’t it sied tastjoerd is, wylst der neat besteld is. Neffens de NVWA komt it fan bûtenlânske webwinkels. Faaks wurde se ferstjoerd om op namme fan de ûntfanger positive beoardielings fan dy winkels skriuwe te kinnen. It Belgyske FAVV, ferlykber mei de NVWA, riedt minsken oan om sokke pakketsjes yn in dûbeltichte ferpakking yn it jiskefet te smiten. De FAVV freget minsken wol om earst in foto fan de ferpakking te meitsjen en dy op te stjoeren. De NVWA freget minsken om melding te meitsjen fan it krijen fan in net-winske pakket.

septimber 11, 2020 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.