Nominaasjes Vredeman de Vriespriis 2020 te sjen yn Frysk Museum

septimber 28, 2020 08:51

Op freed 9 oktober is de útrikking fan de Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer. Dy bestiet tweintich jier. Neist de útrikking op 9 oktober is der folop oandacht foar arsjitektuer mei de LC-publykspriis en in jubileumgearkomste. Sûnt sneon 26 septimber oant en mei snein 4 oktober steane foto’s fan de nominaasjes opsteld yn de ûntfangsthal fan it Frysk Museum.

Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

De Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer wurdt troch it provinsjebestjoer fan Fryslân takend op basis fan it advys fan in faksjuery. Lykas foargeande jierren kin it publyk online in stim útbringe foar de LC-publykspriis. Dizze kear binne dêr fyftjin bouwurken foar nominearre. It winnende projekt kriget op 9 oktober dy priis ek.

LC-publykspriis en eksposysje
Foto’s fan de bouwurken stiene sneon 26 septimber yn de bylage Sneon en Snein fan de Ljouwerter Krante. De foto’s fan de fyftjin nominaasjes binne oant en mei snein 4 oktober ek te besjen yn in spesjale eksposysje yn de sintrale hal fan it Fries Museum yn Ljouwert. Stimme kin online oant 4 oktober fia lc.nl/vdevpriis.

Jubileumgearkomste
Neist de publykspriis en eksposysje is der op freed 9 oktober spesjale oandacht foar it tweintichjierrich jubileum fan de Vredeman de Vriespriis. Foarôfgeand oan de priisútrikking wurdt it sympoasium ‘Tweintich jier arsjitektuer yn Fryslân’ organisearre. Ferskate sprekkers geane by it sympoasium yn petear oer de aktuele tema’s yn Fryslân en de aginda foar de takomst. Der wurdt ek weromsjoen op tweintich jier arsjitektuer.

Livestream
Yn ferbân mei de koroanamaatregels kin der mar in beheind oantal minsken fysyk oanwêzich wêze by it jubileumprogramma. Sawol it sympoasium as de priisútrikkingen binne dêrom ek fia in livestream te folgjen. Ynformaasje oer de livestream is meikoarten te finen op de webside fan Keunstwurk.

Oanmelde foar it jubileumprogramma en de priisútrikking kin oant 1 oktober fia: www.keunstwurk.nl.

septimber 28, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.