Noardeast-Fryslân kriget Fryske plaknammen

septimber 11, 2020 08:54

Bertus Postma op wei nei de riedsgearkomste; boarne: ItNijs.frl

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân is tongersdeitejûn akkoart gien mei de ynfiering fan Fryske plaknammen yn dy gemeente. De rie stimde unanym foar in amendemint fan Aant Jelle Soepboer fan de FNP.   

Doarpen dy’t in net-Fryske namme op de kombuorden ha wolle, mar bygelyks ien yn de streektaal, kinne dat by de gemeente yn it sin bringe. Der sil dan in topografyske kommisje besjen oft dy namme geskikt is. In doarp as Kollumerpomp soe dan bygelyks offisjeel De Pomp wurde kinne.

Neist in amendemint fan de FNP waard ek foar it taalbelied stimd. Dat belied koe minder, fûn de folsleine gemeenteried. Dêrmei is it oannommen. Mei dy stap is der einliks wer beweging op it mêd fan it Frysk binnen gemeenten. Oare gemeenten kinne der faaks in foarbyld oan nimme. Oare fúzjegemeenten hâlde foarearst fêst oan de nammen lykas fêststeld yn de eardere ôfsûnderlike gemeenten. Dat laat der ta dat no yn deselde gemeente guon doarpen Fryske en oare doarpen Nederlânske nammen ha.

Bertus Jans Postma fan Bitgummole (foto) en Arjen Dykstra fan Nes wiene ynsprekker foar it debat. Postma wiisde derop dat rûnom yn de wrâld plakken nammen yn de eigen taal werom krije. Dykstra hie noed oer de konkrete útfiering fan it kreas opskreaune taalbelied. Beide wiene nei ôfrin tige wiis mei de útkomst.

It folsleine riedsdebat is hjir te besjen (mei it debat oer it taalbelied nei 9 minuten en 40 sekonden):

Faaks ek nijsjirrich: www.itnijs.frl/2020/07/fideoferslach-rjochtsaak-plaknammen-waadhoeke.

 

septimber 11, 2020 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.