Nije útjefte fan in tiidleas ferhaal
Resint ferskynd
Dingeman krijt wjukken fan Eppie Dam, dêr’t de skriuwer yn 2001 de Simke Kloostermanpriis foar krige, is opnij útjûn.
It ferhaal giet oer Dingeman, dy’t mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd wennet. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende boerepleats fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Paken en beppen dogge dêr alles wat de bern wolle. Dêrom stjoere se de bern ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen…
Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer. Hy skriuwt behalve berneboeken, ek gedichten, ferskes foar jong en âld, en lieten foar toaniel. Dêrneist set er poëzy oer út ferskate talen.
De yllustraasjes en wurkboeken fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra nimme in spesjaal plak yn. Se foarmen foar de skriuwer in ynspiraasjeboarne foar it skriuwen fan dit boek en litte sjen dat mei wat fantasy fan ienfâldich materiaal wiere keunstwurken te meitsjen binne.
Dingeman krijt wjukken is yn hurd kaft útjûn by de Afûk.
ISBN 978 9062 735 62 4; priis € 15,00
www.afuk.frl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje