Nije twatalige dichtbondel fan Simon Oosting

septimber 6, 2020 08:47

Ofbylding: Afûk

De tredde bondel fan Simon Oosting is twatalich en hjit DC…en tichterby / DC…en dichterbij.

DC is Washington DC dêr’t de dichter in skoft wenne hat; gedichten oer DC steane yn it skift mei de gelikense namme. Der komme mear fiere streken oan bar, mar ek de omkriten fan de Feanhoop yn Fryslân dêr’t de dichter in searje gedichten oer brêgen makke hat. De bondel hat fiif skiften dy’t allegear in motto meikrigen hawwe út de Odyssee.

De dichtbondel leit no yn ’e boekhannel.

Boekgegevens:
DC…en tichterby / DC…en dichterbij | Auteur: Simon Oosting | Utfiering: paperback | ISBN: 978 949 315 940 2 | Ferkeappriis: € 17,50 | www.afuk.frl.

septimber 6, 2020 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.