Nije haadredakteur Feanster weromfluite nei anty-Fryske aksje

septimber 22, 2020 20:40

Regiokrante De Feanster hat in nije haadredakteur en dy miende dat er op eigen manneboet alle Frysk út ‘e krante ferbalje koe. Dat fernaam de FNP moandei, doe’t de partij in mailberjocht fan ‘e krante krige mei it nijs: “we plaatsen geen Friese berichten (meer).” Dat die de FNP yn Achtkarspelen op syn webstee te witten.

De FNP hat fuortendaliks in klacht yntsjinne by antydiskriminaasjesintrum Tûmba yn Ljouwert. NDC Mediagroep, eigner fan De Feanster, wie ek net wiis mei de anty-Fryske aksje. De FNP hat in mail krige dêr’t yn stie dat Frysktalige stikken lykas de opinybydragen fan de FNP gewoan wolkom binne en dat dy ek yn it Frysk opnommen wurde. Douwe Wijbrand, krantesjef by NDC Mediagroep, seit tsjin Omrop Fryslân dat De Feanster in nije haadredakteur hat dy’t de taalregels noch net koe.

It webstee fan De Feanster neamt de namme fan de nije haadredakteur net. NDC Mediagroep wol graach mei de FNP yn Achtkarspelen om ‘e tafel om de kwestje út te praten.

septimber 22, 2020 20:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben septimber 25, 18:49

    Hjoed heard dat de NDC in belied hat om sa min mooglik Frysk yn harren regiokranten te pleatsen. Jitse Hooghiemstra Redakteur fan ferskate regiokranten útjun troch de NDC Sei my hjoed dat itb Frysk allinne pleatst waard as der romte oer wie.Eltsenien moat de krante lêze kinne.De f Fryske beweging as sis tsiis soene ris in petear mei de NDC ha moatte.HA’k alris earder foarsteld, mar doet koene se net wie it andert, want se hiene gjin ynfloed op de pers.Dus wurdt der mar neat dien.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.