Nije bondel fan Sjoerd Bottema

septimber 7, 2020 08:23

Ofbylding: Afûk

By de Afûk is ferskynd: De grize oer de grouwe, nije en bewurke folksferhalen fan Sjoerd Bottema.

Goeie ferhalen meie altyd wer op ’e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik.

Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. Yn 2020 waard it ferhaal Total Loss bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.

It boek leit no yn ’e boekhannel.

Boekgegevens:
De grize oer de grouwe | Auteur: Sjoerd Bottema | Utfiering: paperback | ISBN: 978 949 315 943 3 | Ferkeappriis: € 16,50 | www.afuk.frl.

septimber 7, 2020 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.