Nij wurk Geng Xue foar Prinsessehôf

septimber 16, 2020 08:59 Fernijd

Keramykmuseum Prinsessehôf yn Ljouwert hat nij wurk oankocht fan de keunstner Geng Xue (1983, Sina). It giet om The Name of Gold, dêr’t se op de Biënnale fan Venetië (2019) grut sukses mei hie. De oanwinst, besteande út in animaasjefilm en skulptueren, sil fan 10 oktober 2020 ôf te sjen wêze yn de grutte útstalling Human After All: Ceramic Reflections in Contemporary Art. Geng Xue makke ynternasjonaal furoare mei har films en ynstallaasjes. De Sineeske keunstner waard yn 2017 nominearre foar de wichtichste keunstpriis fan har thúslân: de Award of Art China.

‘The name of Gold’ (2019) fan Geng Xue (foto: Liu Dapeng)

De fideo fan The Name of Gold begjint mei ôfbyldingen fan in swart-wite wrâld. It swart en it wyt symbolisearje wreedheid en humor, realiteit en yllúzje, ierde en himel. Yn it ferhaal binne de minskefigueren fan klaai tekene troch trauma, wrakselingen of ferliedingen. Mar troch it gebrûk fan goud lit Geng Xue ek langstme en hoop trochskimerje. Yn in swart-wytwrâld wurkje se yn in soarte fan myn. De wurkjende klaaiminsken foarmje in yntinse refleksje op it libben en op ús kollektyf hâlden en dragen: de minske is sels ferantwurdlik foar miljeu en natuer, mar offeret faak de weardefolste saken op foar tydlike belangen en doelen.

De animaasjefilm wurdt tagelyk presintearre mei grutte berchachtige skulptueren. Yn de bergen sitte monitoaren dêr’t koarte films op te sjen binne. De keunstner seit dêr sels oer: “(…)characters are rolling in a golden world, like fetuses in a golden womb. The viewers look down at the screen, like peering into a well to find the fountain of life. The illusory visual experience highlights the perception of fate. Life and death are the irreversible fate, and also the natural law of human evolution.”

La condition humaine
It haadtema fan de minske, foarme troch syn omjouwing, rint as in reade tried troch de nije útstalling Human After All: Ceramic Reflections in Contemporary Art. De útstalde wurken, skulptueren en ynstallaasjes fan tsien keunstners út East en West appellearje net oan rasjonele gefoelens, mar stelle primêre minsklike eigenskippen en aspekten oan ’e oarder; la condition humaine, de minske mei syn beheiningen, lyts of selsbewust, moai of wreed. De útstalling past yn in rige fan foaroprinnende hjoeddeiskse keunstpresintaasjes fan ynternasjonale alluere, gearstald troch kurator Tanya Rumpff.

Opkommend talint
Geng Xue wie earder te sjen yn 2017 by de jubileumútstalling In Motion, ek yn It Prinsessehôf. Hja eksposearre ek op de Biënnale fan Venetië (2018 en 2019), op de Biënnale fan Sydney (2018) en de Busan Biënnale (2014). Har wurk waard útstald yn musea lykas Berkeley Museum of Art (Kalifornië, Feriene Steaten), Miro Museum (Fundacio Joan Miro) yn Barselona), Museum foar Tapaste Keunst (Frankfurt, Dútslân) en Museum foar hjoeddeiske keunst (Shanghai, Sina). Har wurk sit yn de kolleksjes fan û.o. CAFA Art Museum (Beijing, Sina), National Museum of Wales (Feriene Keninkryk), Kwangju Art Museum (Súd-Korea), Seto City Art Museum (Japan) en Keramykmuseum Prinsessehôf (Ljouwert).

septimber 16, 2020 08:59 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.