Nij boek Koos Tiemersma: ‘Quist’

septimber 28, 2020 08:22

Ofbylding: Het Nieuwe Kanaal/Henk van Setten

Koos Tiemersma, bekend fan romans as De Ljedder en Einum (Gysbert Japicxpriis 2015), hat op freed 25 septimber syn nijste boek Quist oanbean oan de leararen Dútsk dy’t ferbûn binne oan Gymnasium Beyers Naudé te Ljouwert. Dat de presintaasje dêr wie, hat alles te krijen mei de ynhâld fan dit boek, dat de lotgefallen fan Julius Quist beskriuwt.

Wannear’t syn rektor him foarstelt om wat betider mei pensjoen te gean, ropt de âlde learaar Dútsk dat de duvel him helje mei wannear’t er oait beslút om op dat foarstel yn te gean. It is in útspraak mei gefolgen. Sa gau as er it advys dochs mar opfolget en ûnderweis nei skoalle ta net útsjocht by it oerstekken, wurdt er oanriden. Fysyk rekket er yn in koma, mar syn geast slagget it om oerein te kommen en de oerstek ôf te meitsjen. Oare kant de strjitte wennet ommers in frou dy’t er út it rút fan syn lokaal wei withoefaak seach.

It boek, mei op ’e foarkant it byld ‘Wurge Feniks’ fan de Drachtster keunstner Jan Ketelaar (foto: Henk van Setten), ferskynt sawol op papier as digitaal yn it Frysk, wylst der ek in Nederlânsktalige ferzje as e-boek beskikber is. Sjoch foar mear ynformaasje de webside (www.koostiemersma.nl) fan de skriuwer.

septimber 28, 2020 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.