Nederlânske bern binne it tefredenst oer harren libben

septimber 3, 2020 09:01

Bern en jongelju kinne it bêste opgroeie yn Nederlân. Dy konklúzje lûkt Unicef yn in ûndersyk nei it wolwêzen fan bern oant achttjin jier yn ’e 41 wolfarrendste lannen. Nederlân einiget dêryn op it earste plak, folge troch Denemarken en Noarwegen.

Ofbylding: Wikipedia/Feriene Naasjes – publyk domein

De bernerjochte-organisaasje fan de Feriene Naasjes ûndersocht de mentale en fysike sûnens fan bern en seach ek nei harren sosjale en feardichheden op skoalle. Yn ’e measte lannen is wat minder as tachtich persint fan de bern tefreden oer syn libben. Bern yn Nederlân binne it tefredenst. Oergewicht en obesitas binne wol grutte problemen, warskôget Unicef. In fearn fan de Nederlânske bern is te grou. Wrâldwiid kampt ien op ’e trije bern tusken de fiif en njoggentjin jier mei oergewicht en obesitas.

Fierder leit prestaasjedruk op skoallen yn Nederlân neffens Unicef op ’e loer. “Wy witte út resint ûndersyk dat Nederlânske jongelju de measte stress ûnderfine troch skoaldruk”, seit Suzanne Laszlo, direkteur fan Unicef Nederlân. “Neigeraden dy druk grutter wurdt, ûnderfine jonge minsken mear emosjonele problemen en minder libbenstefredenheid.”

De koroanakrisis komt dêr nochris boppe-op. “Bern en jonge minsken hawwe mentaal lêst fan de koroanapandemy”, seit Laszlo. Unicef ropt dêrom oerheden wrâldwiid op om bern net út it each te ferliezen by it nimmen fan beslissings oer koroanamaatregels.

septimber 3, 2020 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.