Nederlânsk Blazers Ensemble en Bart Moeyaert wer op toernee

septimber 24, 2020 08:32

Mei de trije oratoaria fan Franz Joseph Haydn (Die Schöpfung, Die Jahreszeiten en Die Sieben letzten Worte) as útgongspunt kreëarre it Nederlânske Blazers Ensemble (NBE) mei de Flaamske skriuwer Bart Moeyaert in trilogy: earst wie der De Schepping (2004), dêrnei kaam Het Paradijs (2010) en mei De Hemel wie yn 2015 de syklus folslein.

NBE mei ‘De Schepping’ (foto: © Ronald Knapp)

Yn oktober sille de Blazers en Bart Moeyaert opnij op toernee mei De Schepping, it earste diel fan de suksesfolle muzykteatertrilogy. By de foarstelling fertelt Bart Moeyaert (winner fan de Astrid Lindgren Memorial Award 2019, de ‘Nobelpriis foar de berneliteratuer’) it ferhaal oan ’e hân fan in selsskreaune tekst by de âlde, mar op dizze wize nea sa útfierde, muzyk fan Haydn. De try-out fan De Schepping is op 30 septimber yn Podium Mozaïek (útferkocht) en de toernee fiert dêrnei by sealen yn Haarlim (útferkocht), Meppel, Ede, Ynskedee, Hearlen en Amsterdam lâns. Fan 3 oant en mei 13 maart 2021 folget in twadde toernee.

Under de titel Het hele leven binne koartlyn De Schepping, Het Paradijs en De Hemel foar it earst byinoar brocht yn in boek, mei bysûndere yllustraasjes fan Peter Van den Ende.

Spyllist De Schepping 2020
Woansdei 30 septimber: Amsterdam Podium Mozaïek (útferkocht)
Tongersdei 1 oktober: Haarlim, Philharmonie (útferkocht)
Sneon 3 oktober: Meppel Theater Ogterop
Snein 4 oktober: Ede Cultura
Woansdei 7 oktober: Ynskedee Grote Kerk
Tongersdei 8 oktober: Hearlen Parkstad Limburg Theaters
Freed 9 oktober: Utert TivoliVredenburg
Snein 11 oktober: Amsterdam Paradiso

Foto: NBE

Oer it Nederlânsk Blazers Ensemble:
It Nederlânsk Blazers Ensemble (NBE) is in groep fan goed tweintich topmusisy dy’t sa’n tachtich kear jiers byinoar komme om yn binnen- en bûtenlân bysûndere programma’s te spyljen. Mienskiplike besieling en honger nei aventoer driuwt it NBE ta it meitsjen fan teatrale muzykprogramma’s dy’t selden ûnder ien neamer te fangen binne; it NBE kombinearret eigentiidske en âlde muzyk fan alle soarten en mjitten dy’t de sinnen en ferbylding prikelet. It NBE is altyd op syk nei yntrigearjende gearwurkingen mei musisy út oare kultueren en spannende kombinaasjes mei oare dissiplines. Mei de fernijende programma’s wol it NBE in grut publyk ferrasse, boeie, yn it moed taaste en prikelje.

septimber 24, 2020 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.