Natuerûntwikkeling by De Alde Bosk úteinset

septimber 1, 2020 08:57 Fernijd

By De Alde Bosk, tusken Wynjewâld en Bakkefean, wurde sûnt ein augustus in stikmannich perselen fan Steatsboskbehear ynrjochte foar Natuurnetwerk Nederland. It giet om de oanpak fan in pear puollen, it stimulearjen fan heidegroei en it oanlizzen fan boulân, beamwâlen en in kuierpaad.

Foto: Provinsje Fryslân

It gebiet leit yn de beekdelling fan it Alddjip, tusken de beek en de dyk Duerswâld. Op ferskate plakken wurdt heidegroei stimulearre troch de fiedselrike boppelaach fan de grûn dêrôf te heljen of de earme grûn nei boppen te ploegjen. Op ‘e hichte fan it Alddjip komt in nije keardaam. In stikmannich puollen wurden opskjinne en de poel noardeastlik fan de Stripe wurdt fergrutte. Fierder nei it súdeasten, fierderop yn de Jan Anneleane, komt in nije poel.

Der wurde ek boulannen en in beamwâl oanlein en der komt by de beamwâl lâns in nij kuierpaad. Om de puollen en de heide hinne stiet it ûntwikkeljen fan krûderyk en skraal gerslân sintraal. De oergong tusken bosk, heide en krûderyk gerslân soarget aanst mei de puollen foar in gebiet dêr’t flinters, ynsekten en lytse amfibyen lykas kikkerts noflik yn libje kinne. It wurk set ein augustus útein en is yn desimber klear, sa wurdt ferwachte. Foar it oan- en ôffieren fan materiaal wurdt benammen gebrûk makke fan behearpaden fan Steatsboskbehear. Fyts- en kuierpaden yn it gebiet bliuwe foar publyk iepen.

Gebietsynrjochting
It wurk om De Alde Bosk hinne is ûnderdiel fan de twadde projektfaze fan gebietsynrjochting Keningsdjip. Yn dat projekt wurket de provinsje Fryslân gear mei de gebietskommisje Keningsdjip, Wetterskip Fryslân, gemeente Opsterlân, Steatsboskbehear, It Fryske Gea en Natuermonuminten. De twa grutste opjeften binne it ophelpen fan de beekdelling fan it Alddjip en it oanlizzen fan Natuurnetwerk Nederland. De gebietskommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan natuer, lânbou, wetter en rekreaasje út it gebiet.

septimber 1, 2020 08:57 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.