NASA freget bedriuwen om moannestiennen oan te wizen en te ferkeapjen

septimber 25, 2020 08:49

Foto: NASA

De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA wol gearwurkje mei kommersjele bedriuwen om moannegrûn- en stiennen te sammeljen. De organisaasje hat in dokumint publisearre, dêr’t bedriuwen yn foarsteld wurdt om moannestiennen oan te wizen en te ferkeapjen. It leafst foar 2024, it jier dat NASA wer minsken op ’e moanne sette wol.

NASA betellet tusken de 15.000 en 25.000 dollar foar de moannestiennen, ôfhinklik fan it gewicht (tusken de fyftich oant 500 gram). Bedriuwen moatte as bewiis dan wol in foto oanleverje mei dêrby de krekte lokaasje, sadat de meunsters troch NASA-misjes meinommen wurde kinne. De bedriuwen hoege de moannestiennen dus net sels nei de ierde te bringen. De Amerikanen wolle de meunsters brûke foar ûndersyk, skriuwt NASA-topman Jim Bridenstine yn in bloch.

NASA sjocht it ûntginnen en brûken fan moannegrûnstoffen as essinsjeel foar it plan om astronauten foar langere tiid op ’e moanne te hâlden.

septimber 25, 2020 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.