Mooglik gjin twadde fergêster yn Marrum

septimber 4, 2020 08:19

De provinsje is fan doel om de fergunningen foar de ko-fergêster yn Marrum yn te lûken. Dat omdat der sûnt 2008 gjin konkrete stappen makke binne om de fergêster te realisearjen. Yn 2008 en 2011 waarden de fergunningen, dy’t de komst fan in ko-fergêster yn Marrum mooglik makken, al ferliend. Dêrneist sil it troch de hjoeddeistige stikstofproblematyk dreech wêze om op grûn fan de Wet Natuerbeskerming in fergunning te ferlienen.

Foarbyld fan in biofergêster (foto: Vortexrealm @ English Wikipedia – CC BY 3.0)

Stichting Duurzaam Marrum hat, mei út namme fan omwenners en de feriening Doarpsbelang Marrum-Westernijtsjerk, om it ynlûken fan de fergunningen frege. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Noardeast-Fryslân die itselde op fersyk fan de gemeenteried. De minsken yn Marrum en omkriten wiene benaud foar stank-, lûd- en ferkearsoerlêst. De stichting joech oan dat Marrum al in bydrage oan de enerzjytransysje leveret. Der is ommers al in fergêster yn it doarp oanwêzich. Yn 2017 en 2018 binne ek fersiken om de fergunningen yn te lûken dien. Dy wiisde it kolleezje fan Deputearre Steaten ôf. Dêr rint heger berop tsjin by de Steatsrie

Ferfolchproseduere
Nei it ynlûken fan de omjouwingsfergunningen bestiet der in kâns dat der oan de Botniawei yn Marrum dochs noch in fergêster komt. It bestimmingsplan stiet in fergêster nammentlik wol ta. Dêrneist kinne nije omjouwingsfergunningen oanfrege wurde. Nettsjinsteande dat liket de kâns op de komst fan in fergêster lyts. It ferlienen fan in fergunning op grûn fan de Wet Natuerbeskerming is troch de hjoeddeistige stikstofproblematyk nei alle gedachten net mooglik.

Foar de fersiken om de fergunningen yn te lûken jildt in wiidweidige proseduere. Der moat earst in ûntwerpbeslút op besjen lein wurde. Elkenien kin dan sjenswizen yntsjinje. Dêrnei folget in definityf beslút, dêr’t in reaksje op de sjenswizen yn stiet. Tsjin dat definitive beslút kin berop oantekene wurde.

septimber 4, 2020 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.