Meie wy wiis wêze mei de nijste behearskingssifers fan it Frysk?

septimber 4, 2020 16:42

Troch Henk Wolf

Kinne de Friezen heeltyd better Frysk skriuwe? Dat kaam de ôfrûne wiken wol yn ‘e media. Sa skreau De Feanster: “Friezen lezen en schrijven iets meer Fries“, de Ljouwerter: “Het gaat goed met de Friese taal. Mear ynwenners kinne Frysk lêze en skriuwe” en Omrop Fryslân: “Wat mear Friezen kinne Frysk lêze en skriuwe“.

De media ûntliene dat nijs oan de nije Taalatlas, útbrocht troch de provinsje Fryslân. Dy fiert om de pear jier in ûndersyk út nei de behearsking en it gebrûk fan it Frysk. De Fryske Akademy hat dat ek ferskate kearen dien. Mei wat slaggen om ‘e earmtakke kin men dêrtroch sjen oft der yn it Fryske taallânskip by de tiid lâns saken feroarje.

Undersyk net sûnder wearde

De ûndersiken fan de provinsje binne basearre op selsevaluaasje: minsken kinne sels oanjaan hoe goed oft se it Frysk behearskje. Se wurde dêr net op toetst. Fierders is net wis oft de minsken dy’t oan it ûndersyk meidien ha wol genôch lykje op alle Friezen byinoar (der “represintatyf foar binne”) om mei wissicheid útspraken dwaan te kinnen oer Fryslân as geheel. Sok ûndersyk kin men mei rjocht en reden kommentaar op jaan.

Doch is sok ûndersyk net sûnder wearde. Men sjocht nammentlik by al dy ûndersiken troch de tiid hinne dat der alle kearen wer út komt dat sa’n 95 persint fan de Friezen it Frysk frij aardich of better ferstean kin. Dêrbinnen bliuwe de persintaazjes dy’t it Frysk ‘heel goed’, ‘goed’ en ‘frij aardich’ ferstean kinne ek behoarlik gelyk. Foar it praten jildt wat soartgelikens: al tsientallen jierren kinne sa’n trije op ‘e fjouwer Friezen it Frysk prate. De dielskiften dy’t it Frysk ‘heel goed’, ‘goed’ en ‘frij aardich’ prate kinne, feroarje ek net hurd. De dielnimmers oan it ûndersyk binne miskien net perfoarst represintatyf foar alle Friezen, mar it is ek net sa der alle kearen in folslein oare, net-represintative groep oan it ûndersyk meidocht. Hie dat sa west, dan hienen de sifers alle kearen wer heel oars west.

Der feroaret grif wat

Dat it lêzen en skriuwen alle kearen in justjes heger persintaazje fan ‘e befolking opsmyt, hat dan mei grutte wierskynlikheid ek wol wat te betsjutten. Wy witte allinnich net wat. It soe kinne dat der alle jierren mear minsken binne dy’t it Frysk skriuwen leard ha. Ut te sluten is dat net: de Fryske pabo’s nimme it Frysk as fak serieus en mooglik sjogge wy dat werom. Mar it kin likegoed wêze dat wy wat oars sjogge: mooglik sizze minsken no flugger fan harsels dat se Frysk skriuwe kinne as yn it ferline, trochdat de sosjale media in ynformele skriuwkultuer op gong brocht ha, dêr’t it op in flaterke mear of minder net oankomt. Of miskien soarget de ûntlêzing derfoar dat minsken “goed lêzen en skriuwen” net keppelje oan in literêre noarm, mar oan it lêze en skriuwe kinnen fan in reklamegjalp. Wy witte it net.

Dat it brûken fan it Frysk yn ‘e húshâlding alle kearen in justjes leger persintaazje sjen lit, kin ek wat te betsjutten ha. Wy witte op ‘e nij net wat. It kin wêze dat jongelju dy’t de lapen gearsmite, minder faak Frysk mei-inoar prate as de pakes en beppes dy’t op it hôf bedarje. It kin ek dat húshâldingen faker mear as ien taal brûke, bygelyks om’t der praters oer de flier komme dy’t it Frysk net machtich binne. En mooglik betsjut it neat, want de ferskowingen binne mar lyts.

Gjin reden foar tefredenheid

Men kin sokke sifers fol entûsjasme presintearje as soe it o sa goed mei it Frysk gean. Dat is wittenskiplik net helendal te ferantwurdzjen, mar it set it Frysk wol yn in moai ljocht – en in taal dy’t der goed op stiet, dêr wolle minsken noch wolris wat mear muoite foar dwaan as foar ien dy’t oan it lêste oer leit. Dat, mooglik wurdt sok positivisme in self-fulfilling prophecy.

It risiko is der lykwols dat in oerheid soks docht om himsels op it boarst te slaan, mei as ûnderlizzend boadskip: ús taalbelied docht fertuten. Dat is gefaarlik as dy oerheid eins noch folle mear dwaan moatte soe, mar ynstee dêrfan de fuotten op it buro en de hannen achter de holle leit. Nei de werklik swiere krityk dy’t de Rie fan Europa koartlyn levere hat op ‘e taalpolityk yn Fryslân, soe de provinsje no just alles op alles sette moatte om der ris foar te soargjen dat it Frysk in folweardich plak op alle skoallen krijt, sadat bern toetsber goed yn it Frysk wurde. Hoewol’t der alle reden is om oan te nimmen dat Fryske bern better binne yn Nederlânsk skriuwen as yn Frysk skriuwen, is der in pear jier ferlyn in grut plan betocht om de “taalachterstannen” oan te pakken: neat gjin tefredenheid dat der wer in stekproef is dy’t in pear persint heger skoart as in pear jier ferlyn, nee, alaarmbellen en in koertswiziging. Salang’t dat foar it Frysk útbliuwt, behannelet de oerheid it Frysk en it Nederlânsk net gelyk. De parse mei dan entûsjast dwaan, mar elk dy’t de emansipaasje fan it Frysk serieus nimt, moat fannijs tsjin de oerheid sizze: wy binne der noch lang net en as jim sa trochgeane, dan komme wy der ek net.

septimber 4, 2020 16:42
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Abe septimber 6, 11:41

    Henk hat, lykas altyd, goede konklúzjes. Mar ik leau noait dat dy fluchhifkingen fan lju dy’t harsels beoardielje en de muoite nimme in formulier werom te stjoeren, in realistysk byld opsmite. Yn 2011 joech 33 persint oan dat se Frysk skriuwe koenen. Wat betsjut dat? Hielendal neat. Elk dy’t wolris bûten de doar komt, wit dat de werklikheid hiel oars is.

    Dat oer de lju dy’t harsels beoardielje moatte yn sa’n ûndersyk. Mar dan: mear as 70 persint fan de oanskreaune minsken follet de enkête net yn, alteast, stjoert it formulier net werom. Wêrom dogge se dat net? Allerhanne mooglike oarsaken: 1) it formulier rekke wei tusken it âld papier; 2) de uterste ynleverdatum wie de persoan ûntsketten; 3) it jild foar postsegels wie der net; 4) it tema ynteresearret de persoan gjin bliksem.

    Ik wit net hoe’t it mei jo is, mar ik tink dat it oantal minsken fan dy mear as 70 persint dat ûnder 4) te beflappen falt, fierrewei it grutst is. En wêrom ynteresearret sa’n enkête dy minsken gjin bliksem? Wierskynlik om’t se har taal wol prate en in hiel lyts bytsje lêze kinne, mar grif nét goed skriuwe kinne.

    En dy hiele mear as 70 persint fan kreupele lêzers en net-skriuwers (de talich útdaagden dy’t ús falend ûnderwiissysteem produsearret) telt de Provinsje net mei.

    No meie jo sels besykje hoe’t de taalwerklikheid him yn sifers fertale litte soe yn in wérklik ûndersyk dêr’t je wérklik wat oan hawwe om’t it sa goed mooglik besiket om wat oer de wérklikheid te sizzen.

    Wêrom litte wy ús sa besoademiterje oer ús eigen taal? Wêrom easkje wy net in grut, djoer en Wittenskiplik Ferantwurde ûndersyk, sadat wy al dit geouwehoer net alle kearen hawwe as de provinsje wer ris mient besykje te moatten it eigen falend ûnderwiisbelied út it ljocht te setten?

  2. Nynke Beetstra septimber 6, 14:00

    Ik hie in reaksje ûnder it berjocht oer it keningspear skreaun, mar eins heart er hjir thús. Dus noch mar ris.
    Abe hat hielendal gelyk yn syn analyze en Fedde Dykstra ek yn syn treflike kollum tongersdei yn de LC. We moatte ús gjin sân yn de eagen struie litte troch de resultaten fan in folslein net represintatyf en folslein net wittenskiplik ûndersyk. Dat Poepjes dat wól docht, kin men net serieus nimme. Elk mei in bytsje ynteresse yn de matearje wit dat de werklikheid der spitigernôch hiel oars hinneleit. Dat it Frysk der op de measte skoallen mar wat by bongelet, dat it provinsjale ûnteffingebelied dêr mandélich oan is en dat sels de ynspeksje de provinsje dêrfoar op de fingers tikke hat.

  3. Henk Wolf septimber 6, 14:09

    Sokke grutte, djoere en wittenskiplike ferantwurde ûndersiken ha der wol west: yn 1980, yn 1994 en – mei wat mear slaggen om ‘e metodologyske earmtakke – yn 2018. Dy litte net in heel oar byld sjen as de fluchhifkingen.

    Dy ûndersiken binne grif wat represintativer as de fluchhifkingen, mar se ha itselde manko, nammentlik dat de metoade selsrapportaazje is. Ik soe ek net witte hoe’t dat oars moast, as jo in grutte groep minsken befreegje wolle. It is hast net te dwaan om tûzenen minsken in diktee of in eksamen ôf te nimmen – dan soe de respons nei alle gedachten heel leech lizze en dan soe de útfal benammen sitte ûnder minsken dy’t gjin ferlet hat fan toetserij.

    Om taalpolityk te fieren is dat ek net nedich, tink. Oft der no 5 of 10 of 40 persint Friezen binne dy’t wat knap Frysk skriuwe kinne, der is reden genôch om in heel oar soarte fan taalbelied te fieren. Net oars as dat yn Nederlân gebrûklik is, mar itselde belied dat fierd wurdt as de oerheid derachter komt dat de rekkenfeardigens of de behearsking fan it Nederlânsk achterbliuwt by de ferwachtingen.

    In tûk man hat ris tsjin my sein dat Fryslân twatalich is op de manier sa’t de Belgyske gemeenten op ‘e taalgrins dat binne: alles draait om dy iene taal, dy’t echt belangryk fûn wurdt. Foar dy oare taal binne fasiliteiten: as jo der dan echt wat mei wolle, dan kin dat soms.

  4. Abe septimber 6, 15:17

    Undersiken nei minderheidstalen dy’t basearre binne op it frijwillich weromstjoeren fan sels ynfolle enkêtes kinne net wittenskiplik ferantwurde wêze. Sokke ûndersiken hawwe der dus ek noait west. Dat komt om’t ,,wy” bang binne foar de realiteit, tink ik. De realiteit is dat ,,wy” in potsje meitsje fan de beskerming en befoardering fan ús Fryske taal.

    De metoade moat dus net wêze: selsrapportaazje. Dat is ien konklúzje. En men kin my net wiismeitsje dat der neat oars te betinken falt dat de Wittenskip mear rjucht docht. Ik tink dat soks wol te betinken falt, mar dat de kosten in hobbel binne. As hobbel beskôge wurde. En hoe minder ,,Frysk” jo sympatyen lizze, hoe earder jo hobbels sjugge. It is dus in kwesty fan polityk en fan politike wil. Om’t de taal yn kwesty net ,,echt belangryk fûn wurdt”, hawwe wy hieltyd dizze útwikselingen fan bekende stânpunten. En witte wy noch hieltyd net wêr’t wy wol rjucht op hawwe om te witten cq. as wy it wisten, koenen dy-en-dy har net mear ferskûlje achter disfunksjonele sifers en koenen dy-en-dy har langer net foarstean litte op disfunksjoneel belied.

    En dat, leave allegear, is oan Provinsjale Steaten om te feroarjen.

  5. Henk Wolf septimber 6, 16:35

    It is wat subtiler as dat. Selsrapportaazje is metoade dy’t yn de wittenskip in soad brûkt wurdt om oan grutte oantallen gegevens te kommen.

    Soksoarte ûndersyk smyt net perfoarst _ûnbetroubere_ gegevens op. Unbetrouber soenen se wêze as se gjin relaasje hienen mei de werklikheid. In termometer dy’t altyd njoggen graden oanjout, sels as ik de ferwaarming dúdlik omheech draai en alle oare termometers omheech sjitte, is ûnbetrouber. Dat jildt ek foar in termometer dy’t no ris njoggen, dan wer fjirtich graden oanjout, wylst it foar myn gefoel like waarm bliuwt en wylst alle oare termometers wol in temperatuerstiging oanjouwe. Sa’n termometer hast neat oan – dy is ûnbetrouber.

    Mooglik binne de sifers fan in stekproef mei selsrapportaazje lykwols net _represintatyf_. Dêr hâlde wittenskippers rekken mei. Se binne as in termometer dy’t wol omheech giet, as it waarmer wurdt – en omleech, as it kâlder wurdt, mar dy’t net perfoarst de echte temperatuer oanjouwe. It kin dan in taak fan ‘e wittenskippers wêze om nei te gean hoe grut oft de fertekening is. Dat is yn allegear wittenskippen frij gewoan: wy basearje ús navenant feilige en wurksume medyske behannelingen derop, ús relatyf betroubere politike peilingen en noch folle mear.

    Oft de sifers fan Fryske Akademy en provinsje no wol of net presys de stân fan de taalbehearsking yn Fryslân oanjouwe, wy kinne der wol út helje dat de behearsking fan it praten en ferstean net hurd feroaret – en dat der wat te rêden is mei it lêzen en it skriuwen. Wat presys, dat kinne wy samar net neigean: mooglik wurde minsken dêr echt feardiger yn, mooglik is der wat oars te rêden.

    Selsrapportaazje is spitigernôch faak de iennichste manier om oan grutte oantallen betroubere (mar net perfoarst represintative) gegevens te kommen. Yn it ideale gefal soe men neist in grutskalich ûndersyk mei selsrapportaazje in lyts ûndersyk hâlde om nei te gean yn hoefier oft de sifers dy’t selsrapportaazje opsmite ôfwike fan metten behearsking – bygelyks mei in taaltoets. De korrelaasje tusken dy twa is te berekkenjen en dy kinst brûke om op basis fan selsrapportaazjeûndersyk doch aardich betroubere útspraken te dwaan oer de wiere taalbehearsking.

    Mar earlik sein tink ik dat wy net noch mear sifers brek binne. Der leit al sûnt de jierren tachtich in polityk ramt wêrbinnen oft Frysk en Nederlânsk lykweardich wêze moatte. Der lizze steapels rapporten dêr’t út bliken docht dat bern mei te min kennis en feardichheid fan skoalle komme en dat skoallen te min oan it Frysk dogge. It bûtenlân jout mear as genôch foarbylden fan hoe’t it better kin en heeltyd wer oare bûtenlânske saakkundigen sizze dat Nederlân it no ris oars dwaan moat. Om it taalpolitike roer om te smiten is neffens my net mear ûndersyk nedich, mar de koeraazje om de status quo te feroarjen, om ûnwillige Nederlânsktaligen tsjin it hier yn te striken, om lakonyk te sizzen dat de polityk behearsking fan it Frysk echt in needsaak fynt om te funksjonearjen yn it Fryslân fan 2021.

  6. Abe septimber 7, 13:24

    Ik bin benijd nei de ferantwurding fan de korreksje foar de ‘fertekening’ yn dit gefal. Ik tink dat dy korreksje net sinfol makke wurde kin, as 7 fan de 10 formulieren net weromkomme. De wittenskippers hawwe nammentlik gjin inkeld idee hoe’t dy korreksje derút sjen moatte soe, want se witte net wat de taalbehearsking fan dy 7 fan de 10 krekt is. It leit yn ‘e rede (sûn ferstân plus partisipearjende observaasje :-)) dat dy taalbehearsking stikken leger is as by de 3 fan de 10 dy’t wol reagearje.

    Oan koeraazje om de status quo te feroarjen mankearret it, dat is dúdlik Hoe dêr trochhinne te brekken? Miskien wol mei in Echt Taalûndersyk dêr’t út bliken docht dat de sitewaasje noch folle dramatysker is as de offisjele siferkes sjen litte.

    Wat wie de respons fan de fluchhifking, sa’n 7.000 minsken? Is it werklik sa dreech om in live taaltoets ôf te nimmen by sis 10.000 demografysk, geografysk en op leeftyd útsochte, represintative minsken? Lit se in stikje Rink lêze, nim it op. Lit se in lyts dikteeke skriuwe, nim dat mei. Noch wat fragen derby oer leeftyd, oplieding, berop, thústaal, klear. Ek geweldich foar dialektûndersyk. Dan alles yn de superkompjûter, en voilá.

    Mar goed, yndie, ik bin gjin statistikus. Inkeld mar fernuvere oer it berêsten yn te min kennis.

  7. Pieter van der Plank septimber 9, 11:52

    De ferlykberens fan de taalûndersiken sûnt 1969 (Pietersen) is te leech om ta konklúzjes komme te kinnen. Dy meie dan ek net lutsen wurde. It earste ûndersyk Taal-yn-Fryslân (1980) is troch de Fryske Akademy neamd nei Gorter, alhoewol’t hy mar ien fan de fjouwer ûndersikers wie (neffens alfabetyske folchoarder de earste). Elk fan har wie ferantwurdlik foar syn eigen haadstikken yn de einrapprtaazje. Ik wie dat ek en as projektlieder yn tsjinst fan’e RUG de haadferantwurdlike. Lykwols, de Akademy joech it rapport ûnder har namme yn 1984 út en makke it op eigen wize har eigen. Dat sadwaande.
    Dat is yn de Ynlieding fan dit rapport allegearre nei te kommen en ek dat it hjir om in echt represintatyf ûndersyk gong. De ûnderfregen (respondinten) waarden ad random út de befolkingskaartenbakken fan de gemeentehúzen helle en krigen fan yntervjûwers persoanlik in besite. Dy-en kontrolearren tegearre mei it stellen fan fragen safolle mooglik of ek korrekte antwurden jûn waarden. Minsken dy’t net meidwaan woene, waard frege om har reden en tagelyk waard byhâlden wat skaaimerken of’t hja hiene: fryskprater (of net), leeftyd, wenplak ensf. Sa koene mooglike ôfwikings fan de represintativiteit neigean en korrigearre wurde. Tsien jier letter (1994) waard dit ûndersyk op minoftemear deselde wize werhelle, no al troch de Fryske Akademy. Alle oare ûndersiken binne basearre op oare metoadiken en yn harren útkomsten mar hiel beheind te ferlykjen..

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.