‘Mei freonlike groetnis, skriuwwizer Frysk’ op it Taalweb.frl?

septimber 21, 2020 09:58

Ynstjoerd

Oan: de Fryske Akademy en de Provinsje Fryslân

Drachten, 14 sept. 2020

Ûnderwerp: yntegraasje fan ‘Mei freonlike groetnis, skriuwwizer Frysk’ op it Taalweb Frysk

Achte direksje, meiwurkers en ried fan tafersjoch fan de Fryske Akademy,
achte leden fan Deputearre en Provinsjale Steaten fan Fryslân,

Yn de LC fan 9 sept. 2020 (s. 27) stie in stikje oer taalweb.frl. Dat sil ‘oanpast wurde oan dizze tiid’ (dep. S. Poepjes). Dêr stiet aardich wat op dat web, mar in echte skriuwwizer mei stekwurden en foarbylden mist noch. In tige wichtich boekje op dat mêd is troch Rienk de Haan gearstald en yn 1995 troch it Taalburo Fryske Akademy publisearre ûnder de titel ‘Mei freonlike groetnis. Skriuwwizer mei stekwurden en foarbylden’. Yn dat boekje, dat al lang net mear te krijen is, wurde hiel wat taalfragen beändere op it mêd fan sinbou, wurdkar, ynterpunksje, lêsberens en styl dy’t yn it fyftjinjierrich bestean fan it taalburo ynkommen wienen. It bestiet út in alfabetysk en in brievepart en jout treflik omtinken oan faak makke flaters en skriuwproblemen yn it Frysk. It brievepart bestiet út in espel foarbylden fan ‘saaklike en priveekorrespondinsje’. It stribbet itselde nei as wat de ûnmisbere ‘Schrijfwijzer’ fan Jan Renkema docht foar it Hollânsk.

‘Mei freonlike groetnis’ wie en is foar it goed skriuwe kinnen fan it Frysk likegoed in ûnmisber neislachboekje en learmiddel (bgl. foar myn eardere kursisten foar it Afûk-ûnderwiisfoech). Ik haw dêr yn 1996 in tige wurdearjende resinsje oer skreaun foar It Beaken (http://www.ffu-frl.eu/PDF/Meifreonl.groetnis.1996.pdf) en dêryn ek noch suggestjes dien foar ferbettering.

De lêste fiif jier haw ik de Fryske Akademy (direksje en guon meiwurkers) by ûnderskate gelegenheden mûnling en skriftlik frege om dat boekje by de tiid te bringen (bgl. op it mêd fan de stavering en wat oare saken), te digitalisearjen en te yntegrearjen yn en op it Taalweb. De reaksjes wienen allegearre posityf, mar it siet neffens dr. Hans Van de Velde (projektlieder Taalkunde FA; e-post d.d. 19-01-2018) benammen fêst op de finânsjes.

It feit dat it provinsjale taalbelied derop rjochte is dat de Friezen harren eigen taal ek goed leare te skriuwen en dat der no jild beskikber steld wurdt (€ 170.000) om taalweb.frl de kommende fiif jier út te bouwen en te ûnderhâlden, jout my oanlieding om myn fersyk jitris yn it sin te bringen, mei de winsk dat it nó wol ‘oppakt’ wurde kin en sil. Ik soe fan de kant fan de polityk/it belied (Provinsje) en de wittenskip (FA) graach fernimme wat de mooglikheden binne.

Mei rju achtinge en freonlike groetnisse,

drs. Sytze T. Hiemstra,
âld-Afûk-foarsitter, Afûk-lesjouwer en korrektor Frysk & Hollânsk,
âld-skriuwer fan de Ried fan de Fryske Beweging,
skriuwer Feriening Frysk Underwiis (FFU),
foarsitter stifting ‘Sis Tsiis’

Adres: Gerben Sondermanstrjitte 29
9203 PT  DRACHTEN
0512-518927
sthiemstra@gmail.com en ffupost@hotmail.com

septimber 21, 2020 09:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma septimber 21, 14:27

    Rienk de Haan koe o sa goed útlizze. Syn boek yntegrearre yn it Taalweb soe in boppeslach wêze. Dêr kinne in soad minken wille fan hawwe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.