Mediahuis fiert petearen oer mooglik oernimmen NDC Mediagroep

septimber 8, 2020 08:37

It Belgyske Mediahuis, útjouwer fan ûnder oare De Telegraaf, NRC en De Standaard, fiert petearen yn ferbân mei it mooglik oernimmen fan NDC Mediagroep.

NDC Mediagroep jout de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en Dagblad van het Noorden út. It bedriuw is ûntstien út in fúzje fan Hazewinkel Pers en de Friese Pers en hat 550 wurknimmers en in omset fan 120 miljoen euro. Troch NDC wurde ek in stikmannich regionale wykblêden útjûn.

De Belgyske útjouwer praat mei oandielhâlders FB Oranjewâld en it Je Maintiendrai Fûns oer de ferkeap fan oandielen. Mediahuis en NDC sizze yn in mienskiplike ferklearring dat der yndie fiergeande petearen fierd wurde, mar dat it te betiid is om útspraken oer de útkomst te dwaan. NDC stiet neffens berjochten yn ’e media al in skoftke ûnder druk. Sawol de advertinsjeynkomsten as it tal abonnees rint tebek.

It haadkantoar fan Mediahuis stiet yn Antwerpen. It bedriuw naam earder dit jier al útjouwer Saint-Paul Luxembourg oer.

septimber 8, 2020 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.