LTO presintearret Lân- en Túnbou-troanrede 2020

septimber 12, 2020 09:17

LTO presintearret sneon 12 septimber de Lân- en Túnbou-troanrede. Boeren en túnkers sprekke har út oer harren takomst, wat se fan de polityk easkje en wat de maatskippij fan harren ferwachtsje mei: in útstutsen hân om gear te wurkjen oan in fitale en duorsume agraryske sektor.

Foto: Wikipedia/Brian Robert Marshall – lisinsje CC BY-SA 2.0

De agraryske sektor stie it ôfrûne jier yn it middelpunt fan de belangstelling fan de Nederlânske maatskippij. It omtinken gie faak út nei de bedrigingen foar it fuortbestean fan de Nederlânske lân- en túnbou. Mar de sektor wol ek in ynfolling jaan oan de takomst, dy’t boeren en túnkers perspektyf biedt. Dêr is stipe fan de polityk en de mienskip foar nedich. Yn ’e Troanrede docht de agraryske sektor in oprop.

De boeren en túnkers ûndernimme foar elkenien. Foar de wissichheid fan iten op ús board en grien yn ús libben. En foar de omjouwing. Nederlân is in tichtbefolke, mar fruchtbere delte dêr’t we sunich op wêze moatte. Agrariërs wolle dêr graach in bydrage oan leverje.

De ôfrûne wiken dielden ûndernimmers harren ferhaal fia sosjale media om omtinken te freegjen foar #vooronsland. De moaiste reaksjes binne sammele op www.vooronsland.nl. De Troanrede bout dêrop fierder yn ’e oanrin nei Prinsedei.

De Lân en Túnbou-troanrede is te lêzen fia dizze link, of besjoch hjir de fideo.

septimber 12, 2020 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.