LTO Noard stipet ûndernimmerskip dat op de takomst rjochte is

septimber 30, 2020 08:53 Fernijd

LTO Noard sil boeren en túnkers noch aktiver stypje yn harren ûntwikkeling. Dat stiet yn de nije strategyske fyzje dy’t de belangeferiening moandei presintearre. “Wy sille alles dwaan wat wy kinne, sadat boeren en túnkers no en yn ’e takomst noch altyd bydrage kinne oan ’e basis fan it bestean fan ús allegear”, seit foarsitter Dirk Bruins.

Foto: LTO Noard

“As belangeferiening komme wy op foar de belangen fan boeren en túnkers”, leit Bruins út. “Wy gean de dialooch oan mei de oerheid. Wy ferbine de agraryske sektor mei boargers en konsuminten en wy litte sjen wat de agraryske sektor foar de maatskippij betsjut.” De kommende jierren wol LTO Noard mei syn leden it foartou nimme yn de ûntwikkeling fan de sektor. “Wy ûntwikkelje programma’s en projekten dy’t agraryske ûndernimmingen takomstbestindich meitsje. De kennis dy’t dat opsmyt, diele we wer mei boeren en túnkers.”

Ferbinend
LTO Noard wol mear de ferbining mei de mienskip opsykje. “Boeren en túnkers dogge wichtich wurk foar ús allegear. Wy wenje yn ien fan de fruchtberste delten fan ’e wrâld en hawwe dus in ferantwurdlikheid om foar fiedsel te soargjen, tichteby en fierder fuort yn Noardwest-Europa. Dat is in ferhaal dat we hieltyd útlizze moatte”, seit Bruins. “De Nederlânske lân- en túnbou produsearret griene, sûne produkten neffens de heechste standert. As sektor moatte wy better útlizze wêrom’t we dogge wat we dogge. Gelokkich krije wy in protte stipe: minsken wolle dat dizze fitale sektor oerein bliuwt.”

Op de takomst rjochte
Boerebedriuwen ferduorsumje om klear foar de takomst te wêzen. Bruins: “Sa kinne boeren en túnkers helpe by de enerzjyopjefte dy’t Nederlân hat. Troch sinnepanielen op tekken te lizzen, kinne boeren en túnkers net allinnich harsels, mar ek minsken yn harren omjouwing helpe.” Dêrneist wurdt op bioferskaat ynset. “Goed 50% fan ús leden hat oanjûn mear mei dat tema dwaan te wollen. Faak noch boppe-op de ynspanning dy’t se al leverje. Op dy wize hâlde we de natuer sûn en kinne we noch better ús gewaaksen ferbouwe.”

Behelle
“Us ledebestân bestiet út in breed kleurepalet oan ûndernimmers”, seit Bruins. “Der binne wol mear as tweintich sektoaren. LTO Noard is der foar al dy ûndernimmers. Hja hawwe allegear in rol yn ’e maatskippij en dat wurdt ek wurdearre troch boargers dy’t sûn en duorsum iten konsumearje. Wy sjogge posityf foarút nei in mienskiplike takomst. Us nije biedwurd is dêrom: Efter de boer en túnker. Foar ús allegear.”

septimber 30, 2020 08:53 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.