LTO Noard makket opnij beswier tsjin archeologysk ûndersyk Ljouwert

septimber 6, 2020 08:57

De gemeente Ljouwert wol boeren fia fergunningsplicht twinge om archeologysk ûndersyk ta te stean op agraryske perselen dêr’t de gemeente fan ferwachtet dat se fan archeologyske wearde wêze kinne. Archeologyske spulregels wurde fan tapassing ferklearre op nije parten fan de gemeente. Dat bringt gâns kosten foar de boeren mei. Dêr makket LTO Noard beswier tsjin.

LTO ferwachtet dat de boaiemopbou yn in protte perselen fan de gemeente Ljouwert troch djippere grûnbewurking al earder fersteurd is en dat dêrtroch de kâns dat der archeologyk wat te finen is tige lyts is. LTO-bestjoerder Jan Hemeltjen: “Wy pleitsje derfoar om earst in goedkeaper boaiemkundich ûndersyk op it lân fan boeren en túnkers út te fieren. In boaiemûndersyk kin krekt sa goed oantoane oft der fynsten fan archeologyske wearden te ferwachtsjen binne.”

Djoer archeologysk ûndersyk mije
“In archeologysk ûndersyk is djoer. In boaiemûndersyk is folle goedkeaper en jout minder administrative lêsten”, seit Hemeltjen. “De kosten fan in archeologysk ûndersyk, dy’t foar rekken fan de boer komme, steane, yn alle gefal by wurksumheden op agraryske kultuergrûn, net yn ferhâlding ta de ynvestearring dy’t in ûndernimmer yn ’e grun docht”, stelt de LTO.

Ekstra regeldruk beheine
Hemeltjen: “As boeren of túnkers te meitsjen krije mei de ferwachting fan archeologyske wearden, ûnderfine se beheiningen yn de bedriuwsfiering. It betsjut ekstra regeldruk as it giet om it bewurkjen fan de grûn, it oanlizzen fan drainaazje of it bouwen fan in skuorre. Regeldruk moat safolle mooglik beheind wurde om de bedriuwsfiering rendabel te hâlden.”

septimber 6, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.