LTO Noard: bring basisbetingsten ferhanneljen stikstofromte op oarder

septimber 16, 2020 08:51 Fernijd

Boerehúshâldingen wurde noch ûnwisser no’t it ferhanneljen fan stikstofromte yn ferskate provinsjes oerwoegen wurdt. Troch it saneamde ekstern saldearjen kinne grutte bedriuwen stikstofromte opkeapje fan boeren en túnkers.

Foto: pixabay.com

Dat komt boppe-op de ûnwissens dy’t al langer bestiet sûnt de PAS-meldingen troch de heechste rjochter, de Steatsrie, ûnjildich ferklearre waarden. Dêr wiist LTO Noard op. Dy organisaasje is net tsjin it ferhanneljen fan stikstofromte, mar is wol fan betinken dat foar besteande boeren en túnkers earst dúdlikens komme moat foar’t stikstofromte ferhannele wurde kin. Dêr is in stappeplan foar opset.

Nei de provinsje Noard-Brabân tinke oare provinsjes der ek oer om meikoarten ekstern saldearjen ta te stean. As dat tastien wurdt kinne grutte bedriuwen stikstofromte fan boerebedriuwen en oare ûndernimmers opkeapje om út te wreidzjen. LTO Noard neamt de gong fan saken bûtengewoan bedriigjend. “Al langere tiid steane wy der by de provinsjes en yn De Haach op oan om earst de basisbetingsten goed te regeljen”, leit LTO Noard-bestjoerder Trienke Elshof út. “De provinsjes hawwe harren nocht fan it wachtsjen op De Haach en nimme no sels maatregels. As se dat dogge foardat de basisbetingsten goed regele binne, sil dat in protte problemen jaan.”

Spoarboekje om swierrichheden foar te kommen én op te lossen
LTO hat in spoarboekje opsteld om mei trije ienfâldige stappen struktureel de problemen fan boeren, túnkers en oare ûndernimmers op te lossen. “As earste moat de oerheid de tûkelteammen oplosse dy’t ûntstien binne troch de PAS. Bedriuwen hawwe yn ’e PAS-tiid kreas neffens de regels melding dien yn stee fan in fergunning oan te freegjen. No blike dy PAS-meldingen neat mear wurdich te wêzen. Dêr moat in oplossing foar komme, lykas foar de oare bedriuwen dy’t yn goetrou hannele hawwe. Dêrneist pleitsje wy foar in stikstofregistraasjesysteem. Dêr moat dúdlik út wurde wa’t stikstofromte hat, hokker transaksjes der binne en hoefolle stikstof oft redusearre wurdt troch ûntwikkeling en ferduorsuming. Boppedat moat de stikstofbank te foaren komme dat der stikstofromte weilekt. It registraasjesysteem moat kombinearre wurde mei in stikstofbank dêr’t de needsaaklike ûntwikkelingen yn de gebieten sels út dien wurde kinne.”

Ynvestearjend de krisis út
As lêste betingst stelt LTO dat de sektor trochgean kinne moat mei himsels te ûntwikkeljen. “Wy wolle ynvestearjend de krisis út”, bepleitet Elshof. “Stikstofreduksje is in brede opjefte dêr’t ek de lân- en túnbou in bydrage oan leverje wol. Wy hawwe oplossingen en ynnovaasjekrêft. Boeren binne ree om stâlen emisje-earm te meitsjen, mar dêr is wol in ynvestearring foar nedich. Troch it emisje-earm meitsjen wurdt de útstjit fan stikstof gâns fermindere. It is needsaaklik dat De Haach ynset op ynnovaasje.”

Lês ek dit berjocht fan It Nijs fan 5 april dit jier oer de stikstofkwestje.

septimber 16, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.