Lokale regels: sa hâlde se de rjochtssteat foar de gek

septimber 8, 2020 15:41

Skôging troch Tjalling van der Goot

Lokale bestjoerders gripe hieltyd mear de macht. Dat is in griis foar elkenien dy’t jûchhei ropt tsjin demokrasy en rjochtssteat. Wat spilet der?

De gemeenteried fan Smellingerlân hat sûnt koart in saneamd messeferbod yn de algemiene pleatselike feroardering (APV) opnommen. It is dêr no ferbean om op iepenbiere plakken messen en oare saken dêr’t mei stutsen wurde kin by jin te dragen. Dat is allinne net sa as de messen en oare saken sa ynpakt binne dat se net daliks brûkt wurde kinne. Oertrêding fan dat ferbod is in strafber feit. Mar is dit net stridich mei de Wet wapens en munitie? Dêryn is ommers regele hokker wapens wol en net meie.

Bekend ek is fansels de diskusje oer de needferoardering COVID-19 fan de Feilichheidsregio. Yn dy regeling is bygelyks opnommen dat men oardel meter ôfstân hâlde moat. Jildt dat ek yn ’e hûs? Mar it libben yn ’e hûs is dochs privee? Dat stiet yn ynternasjonale ferdraggen en yn ús Grûnwet. Der is ek in ferbod op gearboskjen (samenscholing). Mar hoe sit it dan mei it yn de ferdraggen en de Grûnwet regele grûnrjocht op demonstrearjen?

Op papier is it sa kreas regele yn ús lân. Wy hawwe ynternasjonale ferdraggen, de Grûnwet, nasjonale wetten en legere regeljouwing. In legere regel mei net yn striid wêze mei in hegere regel. De lêste tiid sjogge wy lykwols dat benammen de Feilichheidsregio en de gemeenten min mei dat rjochtssteatlik dogma út ’e fuotten kinne. Dy betinke regels dy’t se net meitsje meie. In kwealike saak.

Werom nei de messen yn Drachten. Ik begryp op himsels de noeden yn de gemeente hiel goed. Ik sjoch ek leaver gjin messen en ark dat derop liket yn it sintrum fan it doarp. Dêr komt allinne mar lijen fan. It maklikste is om it mar yn de APV te ferbieden. Mar maklik is wol fûneminteel juridysk fout. Hoe sit dat dan?

Koartsein komt it derop del dat de gemeente it foech hat om regels te meitsjen. Dy regels steane yn de APV. Der binne lykwols grinzen oan dy regels. De ûndergrins hâldt yn dat de regels beheind binne ta iepenbiere feiten en dus ek allinne ta it gemeentlik belang. De boppegrins leit by hegere regeljouwing lykas de nasjonale wet. As it giet om itselde ûnderwerp en itselde motyf, mei de APV net stridich wêze mei in hegere wet. Alline as de wet eat net regele hat, mei de APV oanfolje.

It is dúdlik dat de Wet wapens en munitie itselde ûnderwerp regelet as de APV. It giet yn beide gefallen om behearsking en bestriding fan wapenbesit. Yn de wet is – neist ferskate oant yn detail beskreaune wapens – ek regele dat alle objekten dy’t geskikt binne om dêr in oar te mei bedriigjen, ferbean binne. Dat giet dus ek om alle messen en oar ark dêr’t mei stutsen wurde kin, lykas yn de APV fan Smellingerlân stiet. Dêrmei is fêststeld dat de APV in regeling hat dêr’t yn de nasjonale wet al yn foarsjoen is. En dat mei net.

Op dit stuit rint der in strafsaak by de Hege Ried oer in probleem dat in protte liket op wat yn Smellingerlân spilet. In man is feroardiele om’t er yn it sintrum fan Amsterdam in ierappelskyldersmeske yn ’e bûse hie. Yn de APV fan de haadstêd stiet lykwols dat immen gjin messen en oar ark dat as stekwapen brûkt wurde kin, by him stekke mei (útsein as dy sa ynpakt binne dat se net daliks brûkt wurde kinne). In tekst dy’t liket op de tekst yn Drachten. De advokaat-generaal jout yn soksoarte fan saken in advys oan de Hege Ried. Meastal folget de Hege Ried dat advys. Ein juny is der in wiidweidich stik oer dy Amsterdamske saak publisearre. Neffens de advokaat-generaal regelje de APV én de wet itselde ûnderwerp en hawwe beide itselde doel. It giet ommers om beskerming fan de iepenbiere oarder en de persoanlike yntegriteit en feilichheid. It is dan net tastien om yn in APV it dragen fan messen te ferbieden, de wet regelet dat ommers al. De advokaat-generaal stelt foar om de APV net-ferbinend te ferklearjen. Dat betsjut dat de APV op dat punt neffens dizze saakkundige yn striid is mei de nasjonale wet. En dat mei net. De Hege Ried sil ynkoarten útspraak dwaan.

Der binne mear foarbylden. Sa waard ôfrûne jier in strafsaak behannele fan in fertochte dy’t him skuldich makke hie oan ‘strjitteyntimidaasje’. Neffens de APV fan Rotterdam is it nammentlik ferbean om yn de iepenbiere romte minsken út te blaffen of om jin op strjitte op in oanstjitlike wize te hâlden en dragen. De fertochte hie in frou neiroppen en dêr syn lippen by tute. It gerjochtshôf yn De Haach oardiele dat soks falt ûnder de frijheid fan eltsenien om syn miening te uterjen en dat dit rjocht fêstlein is yn ferskate ferdraggen en yn ús Grûnwet. Dy frijheid, dat rjocht mei net yn in APV beheind wurde. De fertochte gie frijút: de legere regel joech belies foar it hegere rjocht.

Smellingerlân makket no deselde flater. Yn in APV binne saken regele dy’t net regele wurde meie. Wêrom docht immen dat? Krêftdiedich optreden ynstee fan rjochtssteatlik tinken. De wet oan ’e kant lizze ynstee fan dy te akseptearjen. It liket hast oft de gemeenten miene dat de nasjonale wetjouwer it net goed regelje kin. As dat sa is, is it in polityk en demokratysk proses. Dat moat yn De Haach, net yn Drachten oplost wurde. It kin net sa wêze dat op lokaal nivo hegere regels oan ’e kant skood wurde. Nimmen mei syn eigen rjochter wêze.

Lokkich binne der ûnôfhinklike rjochters dy’t lokale glysterpartijen yn in APV rjochtlûke kinne. Sa hoopje ik dat der in rjochter wêze sil dy’t de needferoardering fan de Feilichheidsregio lykas it ‘messeferbod’ yn de APV fan de gemeente Smellingerlân ea net-ferbinend en dus ûnrjochtmjittich ferklearje sil. Der is miskien net altiten wat mis mei de ynhâld fan dy regels, mar lis it dan fêst yn in nasjonale wet. Dat is gjin taak op gemeentlik nivo. As der in fertochte is dy’t foar oertrêding fan dizze lokale regels foarkomme moat, hoopje ik dat er him tsjin dat ferwyt stevich ferwart. It is soms goed dat der abbekaten binne om in fertochte dêr juridysk by te helpen.

Tjalling van der Goot is abbekaat by Anker & Anker Strafrechtadvocaten Ljouwert.
septimber 8, 2020 15:41
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jan A. Schulp septimber 9, 11:38

    Ha se yn Smellingerlân wol oan breidpriemen tocht?

  2. Sybren septimber 9, 13:03

    Der komt bij dat it geweldsmonopoly in essentieel underdiel fan de steat is. As je dat lokaal regeljen gean krijje je in frjemde sitewaasje. It undermynt yn elts gefolch de ‘raison d’etre’ fan de steat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.