Ljouwert ferjit de Fryske taal by omtinken foar ûnbetûfte skriuwers

septimber 9, 2020 12:19

Dat net elk yn Ljouwert maklik in Hollânsktalich briefke skriuwt, is in ding dêr’t gâns lju gjin aan fan hawwe. De gemeenterie wol dat mear minsken harren dêr rekkenskip fan jouwe. De gemeente hat sadwaande twa saneamde ‘leafdesboaden’ lêst jûn en stypje de net sa rêdsume skriuwers út de haadstêd en omkriten by it skriuwen fan in kreas minnebrief.

Dy skaadskriuwsters binne part in Nederlânske aksje dêr’t gemeenten in wike lang omtinken yn freegje foar in beheinde skriuwfeardigens. It webstee dat dêr ynformaasje oer jout, stiet hjirre: https://www.lezenenschrijven.nl/voor-gemeenten

Anne Brouwer en Lieke van den Krommenacker binne de Ljouwerter skaadskriuwsters. Hja sitte hjoed yn ‘e âld Ljouwerter finzenis, de Blokhúspoarte, mei in skriuwmasine foar harren om minnebrieven te typen. Frou Brouwer seit dat hja it brief neitiid mei de lêstjouwer yn in slúf stekt en dy op ‘e post docht.

It webstee fan de gemeente Ljouwert oer de leafdesboaden stiet hjirre: https://overdedrempel.frl/de-liefdesbode-en-dbieb-leeuwarden-vragen-aandacht-voor-laaggeletterdheid/. It lit der neat fan skine lit dat Ljouwert yn it twatalige Fryslân leit en de noch folle beheindere skriuwfeardigens yn it Frysk wurdt net neamd. Wol seit frou Brouwer oer it skriuwen fan in minnebrief: “We doen ons best om dat in iemands eigen taal te doen.” Oft jins bêst dwaan genôch is om in flaterfrij Frysk brief by jins leaf op ‘e doarmatte te krijen, mei men jin ôffreegje.

De twa skaadskriuwsters sitte woansdei oan fjouwer oere ta yn ‘e Blokhúspoarte.

septimber 9, 2020 12:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.