Learloaierij Van Buren

septimber 14, 2020 14:56

Yn Boalsert stiet oan de Warkumertrekwei nûmer 5 in nijsgjirrich bedriuw. In echt ambachtlik famyljebedriuw, dat as iennichste yn Nederlân benammen noch materiaal fan it skiep bewurket mei it loaien en tagelyk it konservearjen fan hûden en fluezen. Dat wurdt sa dien dat de natuerlike eigenskippen beholden bliuwe. Dêrtroch bliuwt it lear linich, it hier sêft en de kleur natuerlik.

foto © Matthijs Verkuijl

It is in foarm fan tradisjoneel fakmanskip, dat yn dizze tiid fan massaproduksje hast net mear bestiet, want it is nochal in bewurklik proses. Foar in part ferrint dat net mei grutte masinen, mar ek noch mei de hân, dat it nimt gau in oantal dagen en bytiden in oantal wiken yn beslach.

Earst wurdt de rûge hûd yn pikel bewarre om rotterij foar te kommen. Dan komt it proses fan waskjen, skinmeitsjen en it deadzjen fan baktearjes yn bassins fan sâlt, soer en fet. Dêrnjonken wurdt alún brûkt om te loaien. Dan moat it focht derút, dêrnei folget it drûgjen, it soepel meitsjen fan it lear en it kjimmen fan it hier.

Fansels moat der noch in model makke wurde en moat der ek noch in moaie glans op komme. Lang om let moat it oerflak fansels glêd wêze.

foto © Matthijs Verkuijl

It bedriuw bestiet foar in part út de romten fan de wurkflier mei alderhande masinen en in soarte fan winkel mei fluezen, tassen, sloffen en noch mear produkten.

Koartsein, in bedriuw dat al fan 1861 ôf bestiet en noch hieltyd oan de famylje Van Buren in bestean jout en sels oeral yn Europa syn produkten ferkeapet.

Matthijs Verkuijl

septimber 14, 2020 14:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.