Kroanjier waard koroanajier

septimber 20, 2020 22:25

Fuort nei de Twadde Wrâldoarloch waard úteinset mei de opbou fan in nije maatskippij. Tal fan organisaasjes dy’t doe oprjochte binne om de nije tiden mei stal te jaan, spylje no noch hieltyd in wichtige rol yn ús libben. Sadwaande hie in grut ferskaat oan sokke organisaasjes, fariearjend fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen oant de Feriene Naasjes, dit jier syn 75-jierrich jubileum swiid fiere sillen, mar de koroanapandemy smiet roet yn it iten.

De redaksje fan it nije Frysktalige tiidskrift De Nije hat lykwols syn bêst dien om koroanabestindich in kroanjiergefoel op te roppen. Njonken artikels oer in oantal jubilarissen – fan de regionale omrop oant Suske & Wiske en fan Pippi Langkous oant de Ried fan de Fryske Beweging – bringt de nijste jefte fan De Nije analyzes oer befrijing en frijheid en wat dy ús brocht hawwe. Mar likegoed giet it oer de positive kanten fan firussen en Fryske dialekten en noch foller mear.

Sjoch by boekhannels fan Bruna en Primera en yn de supermerken fan Poiesz út nei it blêd dat hjirnjonken ôfbylde is. Leit it dêr net mear? Stjoer dan in mail nei redaksje.denije@gmail.com. Befalt it? It opjefteformulier foar in abonnemint is hjirre te finen. De priis fan losse nûmers is € 4,95; in jierabonnemint kostet € 17,50.

septimber 20, 2020 22:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.