Klimaataksjeplan Europa wurdt woansdei presintearre

septimber 15, 2020 08:56 Fernijd

De easken oan de útstjit foar nije auto’s wurde takom jier fierder oanskerpe. Dat stiet yn it klimaataksjeplan dat fan ’e wike troch de Europeeske Kommisje presintearre wurdt. Huzen moatte de kommende tsien jier renovearre wurde, sadat se enerzjysuniger wurde. En koalesintrales moatte ticht, mei’t se tefolle CO2 útstjitte.

Foto: pixabay.com

De maatregels passe by it stribjen fan Eurokommissaris Frans Timmermans om yn 2030 de útstjit fan broeikasgassen mei op syn minst 55 persint tebek te kringen. Uteinlik wol de Europeeske Uny ta nei klimaatneutraliteit yn 2050. Foaral gemyske yndustryen, de metaalyndustry en de transportsektor sille enoarm op enerzjy besparje moatte. De Europeeske Kommisje wol in foarm fan rekkenriden, sadat mear neitocht wurdt oer oare, grienere foarmen fan ferfier.

Yn it aksjeplan stiet ek dat de útstjit fan fleantugen de kommende tiid drastysk ferminderje moat en dat der de kommende tiid in hiele protte sinnepanielen, wynmûnen en oare foarmen fan griene enerzjy by komme moatte.

Nei’t de plannen presintearre binne, moatte se de kommende moannen goedkard wurde troch it Europeesk Parlemint. By de klimaattop yn desimber wurde de plannen fierder bepraat.

septimber 15, 2020 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.