Keningspear yn Fryslân

septimber 18, 2020 08:13

Foto: Klaas Pot/Provinsje Fryslân

Foto: Klaas Pot/Provinsje Fryslân

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima wiene tongersdei op besite yn Fryslân. De besite stie yn it teken fan de takomst fan de provinsje, mei de klam op de lânbousektor, de Fryske taal en kultuer en duorsumens. De twa giene by organisaasjes lâns yn de gemeenten Opsterlân, Smellingerlân en Eaststellingwerf.

It keningspear bringt alle jierren streekbesites troch hiel Nederlân, mar sûnt de útbraak fan it koroanafirus barde dat net. “Dit is wer de earste kear dat it keningspear sa’n streekbesite docht. Oan ús dus de eare yn Fryslân”, sei kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Foto: Klaas Pot/Provinsje Fryslân

De regiodeal-ôfspraak tusken it Ryk, bedriuwen, maatskiplike organisaasjes en regionale oerheden kaam ek oan bod. “Súdeast-Fryslân is ien fan de tolve regio’s dy’t ekstra jild krije út de pot fan de regiodeal om de regio te fersterkjen”, sei Brok. “Wy sille sjen hoe’t it gebiet derby leit en wat de winsken foar de takomst binne. Mar de Kening en keninginne sille har ek ferdjipje yn it Frysk.

It skema fan de besite wie foar it grutste part geheim, fanwegen de koroana.

Foto: Klaas Pot/Provinsje Fryslân

Foto: Klaas Pot/Provinsje Fryslân

Foto: Klaas Pot/Provinsje Fryslân

Foto: Klaas Pot/Provinsje Fryslân

septimber 18, 2020 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.