Keningspear nei Súdeast-Fryslân
Resint ferskynd
Tongersdei 17 septimber komme de Kening en de Keninginne nei Súdeast-Fryslân foar in saneamde streekbesite. It keninklik pear docht trije gemeenten oan: Opsterlân, Smellingerlân en Eaststellingwerf. De besite stiet yn it teken fan de takomst fan provincie Fryslân. De klam sil lizze op de lânbousektor, de Fryske taal en kultuer en duorsumheid.

Staasjefoto yn de Boargerseal © Erwin Olaf 2018
Kommissaris fan de Kening drs A.A.M. Brok is bliid mei de besite: “Wy binne tankber dat yn dizze tiid fan koroana it Keninklik Pear tiid nimt foar in besite oan ús moaie provinsje. Der is in breed en koroanafeilich programma gearstald. It is bysûnder te neamen dat se yn petear geane mei jonge Fryske boeren oer harren takomst en dat der wiidweidich omtinken is foar Frysk ûnderwiis en de posysje fan ús taal en kultuer.”
Súdeast-Fryslân wurdt karakterisearre troch mienskipsgefoel, lânbou en natuergebieten. De regio hat lykwols ek te meitsjen mei ûntwikkelingen lykas krimp, fergrizing en klimaatferoaring. Dat set de leefberens ûnder druk. Dit jier is in RegioDeal sletten tusken it regear en ferskate partijen yn de regio om de brede wolfeart en it takomstperspektyf fan ynwenners en bedriuwen te ferbetterjen.
De Kening en Keninginne komme by de besite yn ’e kunde mei organisaasjes dy’t har ynsette foar lânbou, duorsumens en de Fryske taal en kultuer. It earste diel fan de besite rjochtet him op duorsum ûndernimmerskip, kennisútwikseling en gearwurking by ekologyske fraachstikken. Dêrneist praat it pear mei jonge boeren oer de takomst fan de lânbou yn Fryslân en de útdagingen dêr’t de nije generaasje yn dizze sektor foar stiet.
It twadde part fan de besite rjochtet him op de Fryske taal en kultuer. It pear nimt diel oan in les Frysk op in skoalle foar fuortset ûnderwiis en praat mei fertsjintwurdigers fan inisjativen dy’t de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis en yn de maatskippij fersterkje.
Der is ek omtinken foar it skûtsjesilen. De SKS fiert dit jier it 75-jieriich jubileum. De festiviteiten koene net trochgean fanwege koroana. It skûtsjesilen is koartlyn taheake oan de Inventaris Immaterieel Erfgoed Nederland. De SKS ynformearret de Kening en Keninginne oer de betsjutting dêrfan.
By de streekbesite jilde de aktuele, algemiene koroanarjochtlinen foar gearkomsten. De lokaasjes wurde foarôf net bekend makke om groepsfoarming foar te kommen en de oardelmeterôfstân te garandearjen.
Rimmer Mulder, ‘Wat zeuren we nog over het Fries’, LC (4 septimber 2020), al lêzen? It giet oer de ynsestueuze ferhâlding tusken provinsje en krante. Deputearre Poepjes ferkocht de safolste ‘fluchhifking’ oer de stân fan saken fan it Frysk eksklusyf oan de LC, in meigeande krante dy’t bliid is mei elke bonke dy’t him tasmiten wurdt. De krante dêr’t oait Mulder de baas wie. ,,Dit was Poepjes op haar best”, skriuwt Mulder. En hy ferjit derby te skriuwen: ,,En de demokrasy op syn djiptepunt.”
,,Nu wilde Poepjes kritische journalisten en wetenschappers voor zijn. Ze vroeg daarom de krant even langs te komen om haar blijde boodschap uit te dragen.” It bliid boadskip fan in korrupt, ûnwittenskiplik skynûndersyk dêr’t út blike moat dat it poerbêst giet mei it Frysk. Handich boadskip, de Kening en de Keninginne komme ommers meikoarten ek del. Sinneskynwaar!
Mulder hat ek wat ûntdutsen. Oer de takomst fan it Frysk. ,,Nu gaat het er om de Friese taal en cultuur mee te laten bewegen met wat er in de grote wereld gebeurt. Blijf niet krampachtig en angstvallig hangen in de ‘ondergangsmodus’.”
Meibewege te litten mei de grutte wrâld? Wa sil dat dwaan, Tresoar? En wa seit dat it Frysk net meibeweecht mei de grutte wrâld? Mulder?
,,Sietske Poepjes heeft daar haar eigen variant op verzonnen voor de mensen die haar op de huid zitten voor beter Fries onderwijs. ‘Wat zeuren jullie toch, het gaat toch prima?’”
Spitich, sokke kollums. In dei nei Fedde Dykstra syn prachtkollum oer it Frysk. Fansels moast syn âlde baas dêr efkes wat jittik oerhinne mige. En oer de demokrasy.
In goeie fuotballer trapet syn tsjinstanner ûnderút as er it mei fuotbaljen net mear rêde kin.
Bêste Abe,
asto mienst dat ik mei myn stik oer de treflike column fan Fedde mige woe dan hast der neat fan begrepen.
Bêst Rimmer, ik reagearje mar efkes sa’t ik op it stikje fan Henk W. reagearre. En in kollumskriuwer moat dan sels mar sjen wat er oer de kwestje yn in krante skriuwe wol.
Ik leau noait dat dy fluchhifkingen fan lju dy’t harsels beoardielje en de muoite nimme in formulier werom te stjoeren, in realistysk byld opsmite. Yn 2011 joech 33 persint oan dat se Frysk skriuwe koenen. Wat betsjut dat? Hielendal neat. Elk dy’t wolris bûten de doar komt, wit dat de werklikheid hiel oars is.
Dat oer de lju dy’t harsels beoardielje moatte yn sa’n ûndersyk. Mar dan: mear as 70 persint fan de oanskreaune minsken follet de enkête net yn, alteast, stjoert it formulier net werom. Wêrom dogge se dat net? Allerhanne mooglike oarsaken: 1) it formulier rekke wei tusken it âld papier; 2) de uterste ynleverdatum wie de persoan ûntsketten; 3) it jild foar postsegels wie der net; 4) it tema ynteresearret de persoan gjin bliksem.
Ik wit net hoe’t it mei jo is, mar ik tink dat it oantal minsken fan dy mear as 70 persint dat ûnder 4) te beflappen falt, fierrewei it grutst is. En wêrom ynteresearret sa’n enkête dy minsken gjin bliksem? Wierskynlik om’t se har taal wol prate en in hiel lyts bytsje lêze kinne, mar grif nét goed skriuwe kinne.
En dy hiele mear as 70 persint fan kreupele lêzers en net-skriuwers (de talich útdaagden dy’t ús falend ûnderwiissysteem produsearret) telt de Provinsje net mei.
No meie jo sels besykje hoe’t de taalwerklikheid him yn sifers fertale litte soe yn in wérklik ûndersyk dêr’t je wérklik wat oan hawwe om’t it sa goed mooglik besiket om wat oer de wérklikheid te sizzen.
Wêrom litte wy ús sa besoademiterje oer ús eigen taal? Wêrom easkje wy net in grut, djoer en Wittenskiplik Ferantwurde ûndersyk, sadat wy al dit geouwehoer net alle kearen hawwe as de provinsje wer ris mient besykje te moatten it eigen falend ûnderwiisbelied út it ljocht te setten?
Abe hat hielendal gelyk yn syn analyze en Fedde Dykstra ek yn syn treflike kollum tongersdei yn de LC. We moatte ús gjin sân yn de eagen struie litte troch de resultaten fan in folslein net represintatyf en folslein net wittenskiplik ûndersyk. Dat Poepjes dat wól docht, kin men net serieus nimme. Elk mei in bytsje ynteresse yn de matearje wit dat de werklikheid der spitigernôch hiel oars hinneleit. Dat it Frysk der op de measte skoallen mar wat by bongelet, dat it provinsjale ûnteffingebelied dêr mandélich oan is en dat sels de ynspeksje de provinsje dêrfoar op de fingers tikke hat.