Katalaanske presidint Torra ôfset

septimber 28, 2020 15:07

Joaquim Torra i Pia.
Foto: Wikipedia / Josep Renalias (CC).

De Katalaanske presidint Joaquim Torra is ôfset. De heechste Spaanske rjochtbank hat him út syn amt set om’t er by de Katalaanske parlemintsferkiezings fan 2019 in spandoek ophingje litten hat mei de oprop om Katalaanske politisy dy’t finzen sitte frij te litten.

It ophingjen fan politike boadskippen yn iepenbiere gebouwen is yn Spanje ferbean as der ferkiezings binne. Neffens de Spaanske rjochters hat Torra de neutraliteit fan de oerheid skea dien. Torra mei de kommende oardel jier gjin offisjele funksjes útfiere. Boppedat moat er in boete fan tritichtûzen euro betelje.

Torra folge yn 2018 Carles Puigdemont op, dy’t nei België flechtsje moast nei’t it parlemint de ûnôfhinklikens útroppen hie. Dat waard dien nei’t in mearderheid fan ‘e Katalaanske stimbusgongers yn in referindum foar in eigen Katalaanske steat stimd hie. Spanje erkent de Katalaanske ûnôfhinklikens net mear en nei in koart skoft streekrjocht bestjoer út Madrid wei waarden der op lêst fan ‘e Spaanske oerheid nije ferkiezings yn Kataloanië organisearre. Dy feroaren amper wat oan ‘e gearstalling fan it parlemint.

septimber 28, 2020 15:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.