Kampanje ‘Sûnens is ek taal’ fan start

septimber 7, 2020 07:00

Muoite hawwe mei lêzen, skriuwen en it begripen fan ynformaasje. Op syn minst ien op de tsien ynwenners fan De Fryske Marren wrakselet dêr alle dagen mei en is in swakke lêzer. Faak hat ien syn sûnens dêrûnder te lijen. Sa’nien hat net allinne mear stress en sûnensklachten, mar ek de ynformaasje yn de sûnenssoarch wurdt net begrepen. Dêrom start yn De Fryske Marren yn de wike fan lêzen en skriuwen (7 o/m 13 septimber) de kampanje ‘Sûnens is ek taal’. In inisjatyf fan Sosjaal Wurk De Kear, Biblioteken Mar en Fean, Stichting Lêzen en Skriuwen en gemeente De Fryske Marren om it muoite hawwen mei lêzen en skriuwen yn de sûnenssoarch ûnder de oandacht te bringen en dêr help by oan te bieden.

Taal is ek sûnens
It muoite hawwen mei lêzen soarget yn Nederlân alle jierren foar likernôch 264 miljoen euro ekstra sûnenssoarchkosten troch mear besiten oan de húsdokter en sikehûsopnimmigen. In soad ynformaasje oer sûnens, sykte en soarch berikt ús nammentlik fia taal. In brief fan it sikehûs, de bysluter fan medisinen, in petear mei de húsdokter of de toskedokter. Foar wa’t muoite hat om ynformaasje fan dokters en soarchferlieners te begripen, kin dat daliks gefolgen hawwe foar de sûnens.

Dêrneist freget ús omjouwing ek hieltyd mear om digitale feardichheden, ek yn de sûnenssoarch. Der wurdt ferwachte dat men de websiden en apps fan soarchferlieners wol begrypt, dat men ynlogge kin mei DigiD, digitaal (oanfraach)formulieren ynfollet of jin by in digitale oanmeldpeal yn it sikehûs oanmeldt. Foar minsken dy’t muoite hawwe mei lêzen en skriuwen sprekt dat net fansels. Dy hawwe faak ek hiel beheinde digitale feardichheden.

Bewustwurding en stipe
Yn De Fryske Marren hawwe ferskate partijen de hannen yninoar slein om de sûnenssoarch by datsoarte swierrichheden te stypjen. Op moandei 7 septimber jouwe Luciënne Boelsma, wethâlder gemeente De Fryske Marren, Henrieke Hofsteenge, direkteur Sosjaal Wurk De Kear en Rixt Heegsma, direkteur Biblioteken Mar en Fean mei-inoar it startsein fan de kampanje.

De kommende wiken geane fertsjintwurdigers mei in folle waskkoer op besite by ferskate professionals yn de sûnenssoarch. Yn de waskkoer sitte alderhanne helpmiddels om sinjalen fan dat probleem te werom te kennen, op in goede manier it petear oan te gean en minsken troch te ferwizen nei passende help.

Der is ek in ‘brievewaskerij’ yn de biblioteek. Organisaasjes kinne dêr harren (yngewikkelde) brieven ynleverje. Dy wurde dan troch de waskerij helle en komme der foar eltsenien goed te lêzen wer út. Fierder wurde op ferskate plakken yn de gemeente wasklinen ophongen mei ynformaasje foar ynwenners oer it muoite hawwen mei lêzen en skriuwen, bygelyks wêr’t se terjochte kinne as se ien kenne of sels binne mei beheinde taalfeardichheden en hokker mooglikheden der binne, lykas fergeze kursussen.

septimber 7, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.