Jûn riedsgearkomste taalbelied Noardeast-Fryslân

septimber 10, 2020 11:13

Boarne: ItNijs.frl

De gemeenteried fan Noardeast Fryslân praat tongersdeitejûn oer it Frysk taalbelied. De gemeente is in fúzjegemeente fan Kollumerland c.a., Dongeradiel en Ferwerderadiel. Foar 1 jannewaris 2021 moat it beleid fêststeld wêze. De basis fan de plannen foar de kommende jierren is it taalbelied fan de gemeente Ferwerderadiel. Dat wie de meast Frysksinnige gemeente fan de fúzjepartners. De plannen geane út fan twataligens. It taalbelied stiet foaroan op de wurklist. Der hawwe har in tal ynsprekkers oanmeld. Nei it ynsprekken sil de gemeenteired oer de plannen prate. De riedsgearkomste is te folgjen fia it telefyzjekanaal fan RTV NOF (digitaal TV kanaal 20 bij Kabelnoord) of de lifestream fan de gemeente Noardeast Fryslân (https://ris2.ibabs.eu/noardeastfryslan).

septimber 10, 2020 11:13
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Bakker septimber 10, 15:21

    Moatte hja hottefylje oer oft it Pa-ee-sèns of Peazens wurde sil? Liket my dúdlik. Ofweve mei dy sabeare (fer)nederlânske plaknammen!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.