Jubileumútstjoering ‘Het Uur van de Wolf’

septimber 26, 2020 09:05

De oere fan de wolf, it momint dat de nacht yn ’e moarnsskimer oergiet, it tiidstip dat de measte measte poppen berne wurde, de grins tusken waan en werklikheid ferdizenet. In momint dat fan alles mooglik is.

Ofbylding: NTR

Het Uur van de Wolf bestiet yn septimber 25 jier. Al sûnt 1995 bringt it programma dokumintêren oer alle mooglik tinkbere keunstsinnige dissiplinen. Dat wurdt dizze moanne fierd mei in dokumintêre oer Jochem Myjer, in jubileumprogramma, fernijde programmafoarmjouwing, in spesjale webside en in seleksje fan opmerklike bûtenlânske keunstdokumintêres.

De Gouden Wolf
Op sneontejûn 26 septimber stjoert Het Uur van de Wolf de dokumintêre De Gouden Wolf út. Marcel Goedhart ûndersiket mei filmmakster en presintator Marijn Frank de fyftjin bêste dokumintêren út 25 jier Uur van de Wolf (selektearre nei in ferkiezing ûnder makkers). Dat bart oan ’e hân fan kaaisênen en fraachpetearen mei haadpersoanen en makkers. Hoe sjogge sy werom op de dokumintêre, wat hat it teweibrocht? En wa kriget úteinlik De Gouden Wolf? De top 15 dokumintêren wurde yn septimber opnij útstjoerd op NPO2 extra. Dy films binne de hiele jubileummoanne ek online te sjen fia hetuurvandewolf.nl en NPOStart.

Nacht van de wolf
Oanslutend oan de dokumintêre De Gouden Wolf wurde yn ’e nacht fan 26 op 27 septimber De Nacht van de Wolf programmearre. Fan 00.15 oant 06.45 oere sille op NPO2 in oantal bysûndere films út it argyf fan Het Uur van de Wolf te sjen wêze. It giet ûnder mear om Boudewijn de Groot – Kom Nader fan Suzanne Raes, De jacht op mijn vader fan Gülşah Doğan en Bloot fan Paul Cohen.

Jochem Myjer – Nog eentje dan
Hichtepunt fan de jubileummoanne is in ekstra útstjoering op moandeitejûn 28 septimber: Jochem Myjer – Nog eentje dan. Regisseur Suzanne Raes makke de dokumintêre spesjaal foar it 25-jierrich jubileum. Hja folge kabaretier Jochem Myjer yn it lêste part fan syn goed trije jier duorjende teatertoernee fan Adem in, adem uit.

Sjoch ek op hetuurvandewolf.nl.

septimber 26, 2020 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.