Jo dogge wolris wat (ferhaal)

septimber 5, 2020 09:42

boarne: pixabay.com

Yn 1997 wie ik yn de maaiefakânsje mei B. op fakânsje op Rhodos. It wie ein april, begjin maaie. Echt waarm wie it yn it begjin noch net, mar letter waard it lekker waar. Wy hiene in appartemint by in hotel hierd. In dei op ekskurzje, winkelje yn Rhodos stêd, lêze op it strân, dat wiene ús aktiviteiten ûngefear.

By it kompleks koest ek fytsen hiere, mar ik koe B. net safier krije. No, dan mar allinne derop út op de mountainbike. Fytsbroek oan, ynsmarre, petsje op en dêr gie ik hinne. It wie aardich waarm en it fytsen foel my noch net ta, want ik moast nochal wat klimme. Op in stuit helle my in pick uptruckje yn mei in âld mantsje efter it stjoer. Hy seach wakker en makke dúdlik dat ik wol meiride koe, mar dat like my net goed ta. Ik die mar krekt of seach ik it net en fytste stûf troch.

It fytsen waard hieltyd swierder. Ik moast op it lêst rinne mei de fyts. Ynienen, dêr wie it mantsje wer. Ik hie it wol in bytsje hân, dat ik dochs mar mei. De fyts kaam yn it bakje en ik siet neist him foaryn. Ingelsk koe er net, dat it waard wat gebeartetaal. Earst snapte ik net wat er bedoelde, mar nei ferrin fan tiid hie ik yn de gaten dat er my grutte beane ta ha woe. Net seane, mar farske, dy’t noch yn de pûlen sieten. Dat like my net goed ta, mar hy krong sa oan dat ik tocht, it moat mar, en ik begûn yn in pûl om te haffeljen. Echt net lekker, hear, mar jo moatte wat. Ik iet sa stadich mooglik.

Doe ynienen wie it ho en stiene we stil by in soarte fan restaurantsje. It mantsje woe dêr teedrinke. Hy helle tee foar ús allebeide en dat dronken we yn it skaad op. Op in stuit gie er efkes fuort. ‘Dêr giet myn fyts’, tocht ik, mar it foel ta. Hy kaam werom en we giene wer nei de pick up. Ik woe mar wer fierder op ’e fyts, mar doe die bliken dat ik in lekke bân hie. ‘Soe hy dat dien ha?’, tocht ik. Der siet neat oars op, ik moast wer mei. Nei in kilometer of fiif wiene we wer ûnder yn de delling. Hy parkearre by in kafeetsje en meneuvele dúdlik dat ik mei deryn moast. No, toe dan mar. Der sieten allinne mar mannen. Wy giene der by sitten. Se koene inoar ek allegearre wol, koest wol fernimme. Guon sieten te iten, mar net de pûlen. Nee, se doppen se en ieten dan de beane op. Dom, dat hie ik net yn ’e gaten hân. Se woene my ek wer guon ta ha, dat ik mar wer in pear ite. Se smakken yn alle gefallen better as de pûlen. De ober sei dat ik oppasse moast dat ik net te folle iet, want der siet blausoer yn. Hy koe wol wat Ingelsk en ik koe him oan it ferstân krije dat er even nei it hotel skilje moast om te sizzen dat ik in lekke bân hie. Ik hie gelokkich in kaartsje meikrige mei adres en telefoannûmer derop.

Der soe immen nei it kafee ta komme. Om my op te heljen, tocht ik, mar nee hear, se kamen mei in oare fyts oansetten en namen myn fyts mei. Alle drankjes mar betelje tocht ik en dan fuort. Hieltyd seach ik efterom om te sjen oft it mantsje my ek efternei kaam, mar dat barde net. Efterôf tink ik dat er neat ferkeards yn it sin hie. Hy woe my allinne mar helpe.

Healwei sânen hinne wie ik wer by it hotel. B. hie de hiele middei yn de sinne lein te lêzen en antwurde op myn fraach oft se ek ûngerêst wie: ‘Ik soe it hast wurde.’ It allinne fytsen yn it bûtenlân lit ik tenei mar gewurde leau ’k.

Folkje Koster

Dit ferhaal stie yn De Nije 2.1 – april 2020.
septimber 5, 2020 09:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.