‘Jesse’ fan Mindert Wijnstra is út

septimber 9, 2020 10:26

Boarne: Afûk

Jeugdboek Jesse fan ferhaleferteller Mindert Wijnstra leit yn ’e boekhannel. It ferhaal giet oer Joshua dy’t yn Ljouwert wennet, mar ferhúzje moat en mei syn mem by pake, op de pleats oan ’e seedyk, te wenjen komt.

Wêrom moast er sa hals-oer-de-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua/Jesse hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him dêr trochhinne en wa kin er fertrouwe? Lieke miskien? In famke dat ek oan de seedyk wennet. En dêr’t er ferlyfd op wurdt.

Mindert Wijnstra (1945) syn earste berneboek, Kninekeutels yn it oerwâld, ferskynde yn 1982. Der soene noch folle mear folgje fan dizze ferhaleferteller by útstek. Yn 1992 waard It hûs fol ferhalen bekroand mei de Simke Kloostermanpriis. It boek krige boppedat ynternasjonale wurdearring mei in oersetting yn it Japansk en Koreaansk en stie op de earelist fan de IBBY (International Board on Books) for Young People). De stilte fan Joachem (2008) waard ek nomineard foar de Simke Kloostermanpriis. Foar ien fan syn resintste boeken, Bart en Bouke, wurke Mindert Wijnstra gear mei kollega-skriuwer Dolf Verroen, mei wa’t er ek de skoallen bylâns gie foar it projekt De Schoolschrijver.

Jesse is yn hurd kaft útjûn by de Afûk
ISBN 978 949 315 939 6; priis € 14,95
www.afuk.frl

septimber 9, 2020 10:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.