Jan Willem Zwart: Gjin koroana!

septimber 19, 2020 20:00

Kollum

boarne: pixabay.com

Ynienen krige ik it waarm, waard beroerd en krige sels koarts mei kjeldoanfallen. Ik wie sa siik as in hûn. Foar mysels wie it dúdlik: ik soe wol koroana hawwe. Op nei it sikehûs, dêr’t de frou my hinne brocht. Ik moast my melde by de efterdoar, dêr’t ik opfongen waard troch in ferpleechkundige. Desynfektearje en trochrinne nei in keammerke. Ik waard behannele as wie ik in besmet persoan. Dat fielde net goed. Ik seach mysels al op ’e bûk lizzen yn djippe koma. “Bist ek in echte keardel”, sei de frou letter. Doe’t alle testen útfierd wiene, bliek it dat ik gjin koroana hie mar belroas (wondroos, erysipelas). Ferfelend, mar goed te genêzen mei antibioatika. De pillen koene wy yn it sikehûs daliks ophelje. Underweis nei hûs ta fielde ik my fuort al better. Gewoan trochdat ik wist dat myn kwaal te behanneljen wie.

Hagioskoop, súdmuorre Sint Petrustsjerke, Jistrum (foto: Wikimedia Commons/Drewes)

It gefoel as siik en besmet behannele te wurden is net noflik, it is ferskriklik. Ik moat tinke oan de âlde Fryske tsjerken. Yn de midsiuwen waarden yn de koarmuorren fan dy tsjerken wol lytse iepeningen makke. Minsken mei in besmetlike sykte mochten net yn tsjerke komme, mar troch sa’n smel finster koene se fan bûten ôf dochs it alter sjen. It alter, dat wie wat hillichs. Hagioskoop wurdt sa’n iepening neamd. Noch hieltyd sitte dat soarte fan rútsjes yn guon tsjerken. Yn Westergeast bygelyks.

Myn hagioskoopgefoel hâldt dêr noch net mei op. By in gewoane besite oan de húsdokter wurdt men earst ek befrege en ûndersocht foardat men trochrinne mei. Oft ik koarts hân haw? Hoastje, of oft ik my wol goed fiel? En mear fan dat soarte fan fragen. It giet mar troch en it giet mar troch. Goed besjoen wurkje soksoarte fan tsjinsten hielendal neffens protokol en regeltsjes en wurde der gjin útsûnderingen makke. Yn neat! En dêr mei ik wol oer!

Oan alle kanten bin ik test, mar gelokkich haw ik gjin koroana! Fan belroas kin men ek knap beroerd wêze, fertelt de húsdokter my. Dat wit ik no mar al te goed. Mei aspiryntsjes en goede antibioatika bin ik wer aardich ûnderweis en begjint my de harsens ek wer wat te wurkjen. It earste wat ik tink is: wy hawwe it hjirre yn Nederlân knap foarinoar en wat is it hearlik om ûnderdiel fan in proseduere te wêzen, fan in proseduere dy’t seit dat ik gjin koroana haw!

septimber 19, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.