Jan Schokker: Kening ûle

septimber 12, 2020 20:00 Fernijd

Kollum

Seach ik dat goed? Siet dêr in hoarnûle krekt boppe my yn ’e beam?  Fan de frou hie ik earder op ’e dei de opdracht krige om it gers einlings ris te meanen, mar ik moast earst wat betters dwaan. Nei in hiel lyts momintsje fan mûzesliep hie ik krekt de eagen iepene.

‘Hè hè, hy is wekker. Man man, wat in oerlêst,’ sei de ûle. ‘It wie krekt as starte der in F-16. Ik hie ek wol efkes in ûltsje knappe wollen.’ ‘Dat is alhiel gjin geef Frysk,’ sei ik betterwittend.
‘Hasto dêr doel oer?’ frege er.
‘No nee. Mar neffens my soe soks yn it Frysk in knipperke nimme of in slûchje dwaan wêze moatte.’
‘Kin wol wêze,’ sei de hoarnûle, ’mar dan hast gjin gefoel foar humor yn de taal.’
‘Wat merakelsk datsto Frysk praatst,’ antwurde ik. ‘It giet oars tsjintwurdich aardich goed mei ús memmetaal. Hieltiid mear Friezen behearskje it Frysk, alteast sa die it dizze wike bliken yn ús wrâldwiid nijs. No’t sels de ûlen al sa tûk yn it Frysk petearje, kinne wy in noch gruttere Fryske flagge waaie litte.’
‘Ik bin al jierren op en top Frysk,’ sei de wize fûgel.
‘Do ek al?’ Ik gie rjochterop sitten wylst de túnstoel lûd kreake yn alle noesten en skroeven. ‘In pear wike lyn hie ik hjir noch in yn en yn Fryske ljip.’
‘Kin net folle betsjutte, wat wol sa’n dom ljipke no? Sjoch ris wat ik hjir ûnder myn wjukken ha.’
De eigenwize fûgel tilde ien wjuk op. Ik hie gjin flau idee wat ik sjen moast.

‘Wat hast dêr?’
‘Sjoch dan,’ sei er, ‘in tatoe.’
‘Ah, in pompebledsje. Wat aardich.’
‘Tocht ik,’ sei er grutsk.

De ûle gie efkes oars sitten en hipte in tûke tichterby. ‘Mar witst, ik siet my wat te betinken. Ik hearde dat de kening nei Fryslân ta komme sil en dan hawwe se it oer ús kening.’

‘Ja, sa sizze se dat. Do fynst net dat it ‘dyn’ kening is?’
‘Do wol?’
‘No, ik ha ek net folle mei sa’n wat âlderwetsk fenomeen. Net sa fan dizze tiid, krekt as dy gouden koets fan harren. Dy kaam fan ’e wike oars ek net troch de APK fan it hjoeddeistich morele sûnwêzen.’
‘Dat se soks yn stân hâlde, ik snap der de ûleballen net fan,’ sei de grutske drager fan it pompeblêdtatoe, ‘hy hat ommers ek neat te sizzen.’
‘Mar hoe moat it dan? Wa moat it by uzes foar it sizzen hawwe?’
‘Nimmen! Wy fûgels hawwe ommers ek net ien boppe ús, wêrom kinne dan de Friezen der ek net sûnder?
‘Ja, jimme fûgels binne fansels fûgelfrij,’ sei ik, ‘mar wurdt it foar de minsken yn it algemien en de Friezen by útstek dan net in ôfgryslik losse binde?’
‘By ús fûgels is de gewoante de baas. En dy gewoante is in oerynstinkt út âlde tiden. As elkenien him no ris oan sa’n deeglik en betrouber fêst patroan hâldt.’
‘Dat is wol in nijsgjirrige gedachte, mar ik leau net dat wy Friezen hielendal fan rjochten frij wêze kinne. Wy minsken ha sa ús swakten, moatst witte. Egoïsme, jaloerskens, leffens, antipaty, wantrouwen. En by ús net te ferjitten eigensinnigens en koppigens. Guon binne fierstente agressyf, oaren faaks wer al te leaf.’
‘Litsto dy kommandearje?’ frege de ûle. Hy seach my skerp oan.
‘Nee, fansels net,’ moast ik kwyt.
‘Krekt,’ sei de ûle, ‘jimme hawwe it dochs foar ivich yn stien beitele, leaver dea as  slaef?’
‘Dat is wol hiel stoer praat, der hie better stean kinnen: ‘Leaver dea as te be-ynfloedzjen, want guon sile mei allegear nuvere winen mei.’

De hoarnûle luts syn strakke wynbrauwen byinoar.
‘Ja. Of ‘leaver ûnôfhinklik as ûnderhearrich.’

Dy fûn ik flink wat minder as myn eigen fariant, mar ik sei der leaver neat oer, want in ûnferwacht Frysk petear mei sa’n frjemde fûgel op dizze broeierige simmermiddei wie my de muoite wol wurdich.

‘Soa, dus do hast net ien boppe dy! Hoe is it mei de frou,’ frege ik.
‘Hoe bedoelst, wat is der mei de frou?’
‘Hat dy wat te sizzen, oer dy, oer jimme?’ woe ik witte.
‘Wêrom wolsto dat witte?’
‘No ja, wy ha no o sa’n aardich praatsje en do hast fan sokke moaie moderne ynsichten. Ik bin tige benijd hoe’t it no sit mei de emansipaasje by de ûlefamyljes.’

Doe draaide de ûle him om, hipte op in hegere tûke en fladdere fuort.
Aha, tocht ik, hy is leaver wei as weak. Miskien is dochs ek by de ûlen net de gewoante de baas, mar de frou.

septimber 12, 2020 20:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.