It Hearrenfean makke flaters mei útkearingen
Resint ferskynd
De gemeente It Hearrenfean hat fan 1 jannewaris 2013 oant 1 augustus 2019 oan 91 ynwenners in te lege IOAW-útkearing betelle. IOAW stiet foar Wet inkomensvoorziening oudere en gedeeltelijk arbeidsongeschikte werkloze werknemers. De gemeente hat de Regeling Algemeen Inkomensbesluit socialezekerheidswetten fan maaie 2014 oer de holle sjoen. Neffens dy regeling mocht mei weromwurkjende krêft fan 1 jannewaris 2013 ôf de pensioenpreemje net as ynkommen ferrekkene wurde.
Wethâlder Hans Broekhuizen achtet in tige ferfelende kwestje. De ferkearde berekkening moat sa goed mooglik ferholpen wurde. De minsken dy’t it oangiet binne ûnderwilens op ’e hichte brocht. Alles moat gefal foar gefal opnij berekkene wurde. It liket derop dat de nei te beteljen bedraggen skommelje tusken 347,64 en 3.763,00 euro. De wethâlder ferwachtet dat dy noch yn dit kalinderjier útbetelle wurde kinne
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje