Húshâldingen yn Fryslân duorsumst fan Nederlân

septimber 1, 2020 08:48

Enerzjybedriuw Vattenfall publisearre ôfrûne tongersdei de Duorsumheidsyndeks Nederlânske Gemeenten. Dêr is ynsichtlik mei makke hoe’t húshâldingen duorsumheid tapasse yn en om it hûs. Op basis fan dy yndeks binne dy yn Fryslân útroppen ta de duorsumste fan Nederlân. Vattenfall stelde de yndeks gear op basis fan de nijste data fan Rykswettersteat, it Sintraal Buro foar de Statistyk en Cobra Groeninzicht.

Foto: Vattenfall

Duorsumste gemeenten yn Fryslân
De duorsumste gemeenten yn de Duorsumheidsyndeks skoare relatyf sjoen it heechst as ôfgien wurdt op it tal sinnepanielen, it tal ISDE-subsydzje-oanfragen en de mjitte fan ferstienning. Fryslân komt der as duorsumste provinsje fan Nederlân út. Húshâldingen dogge it hjir goed trije kear better as lanlik yn trochsneed (3,1).

Yn Fryslân skoare de gemeenten It Amelân (4,4), Opsterlân (3,5), De Fryske Marren (3,2) it bêste wat duorsumens oangiet.  Flylân hat de grutste ynhelslach te meitsjen. Dêr dogge se it just minder goed as lanlik yn trochsneed (0,4).

Fryske húshâldingen kieze faak foar sinnepanielen
Yn totaal hat 9% fan alle Nederlânske húshâldingen sinnepanielen op it dak. Op provinsjaal nivo binne der lykwols grutte ferskillen. Fryslân skoart mei 13,1% boppegemiddeld goed wat sinne-enerzjy oangiet.

Yn Fryslân binne se yn Harns it meast begien mei (sels) winnen fan enerzjy troch sinnepanielen: 28,3% fan de húshâldingen dêr hat se. Yn de ûnderskate Fryske gemeenten binne de ferskillen yn de sinnepanieleyndeks grut, blykt út de Duorsumheidsyndeks.

Fryslân is minst ferstienne provinsje
Ferstienning fan tunen is, mei it each op duorsumheid en miljeu, ûngeunstich te neamen. Al is ferstienning wol oanwêzich, Fryslân kin him de ‘grienste’ provinsje neame. Fryske tunen binne nammentlik foar ‘mar’ 31,9% ferstienne; de lanlike trochsneed is 39,8%.

Oer it hiele lân sjoen spant Flevolân de kroan mei in ferstienningsgraad fan 63%. Alle seis gemeenten dêr binne minder ‘grien’ as de Nederlânsk trochsneed. De mjitte fan relative ferstienning de gemeente is hjir yn te sjen.

septimber 1, 2020 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.