Holwert oan See wer in stap tichterby

septimber 26, 2020 10:22

De stjoergroep Holwert oan See sil twa stikken grûn fan 14 en 18 hektare keapje. Foar in part binne dy nedich foar de tijmar en foar in part kinne se by kavelruil ynset wurde. Dêrmei komt it projekt Holwert oan See wer in belangrike stap tichter by syn realisaasje.  Der wurdt ek begûn mei it grûnûndersyk. Op it takomstich trajekt fan it soal en de tijmar wurde grûnboarringen dien nei miljeu-hygiënyske kwaliteit, de kwaliteit fan it materiaal en de boaiemopbou. Der wurdt ek archeologysk ûndersyk dien.

Lykas bekend is it plan om by Holwert in trochbraak yn de seedyk te meitsjen. Dêr wurdt de ferbining tusken it Waad en it efterlân mei werombrocht. It giet net inkeld om ekomomyske kânsen foar it doarp en syn omkriten, mar ek om ekologyske kânsen foar de kwelders, de waadfûgels, migrearjende fisken en alle oare soarten dy’t baat hawwe by mear fariaasje yn de kwelders, sâlteftige sônen en in natuerlike sâlt-swietoergong.

Foto: Provinsje Fryslân

Op 16 desimber 2019 hawwe de Stichting Holwert oan See, provinsje Fryslân, gemeente Noardeast-Fryslân, Wetterskip Fryslân en Fûgelbeskerming Nederlân (mei út nammen fan It Fryske Gea, de Waadferiening en Steatsboskbehear) in yntinsje-oerienkomst tekene. Dêr hawwe se mienskiplik de yntinsje yn útsprutsen om ta realisaasje fan faze II fan it projekt te kommen.

septimber 26, 2020 10:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.