Hjerstedysje Rûntsje troch de Wâlden kin trochgean
Resint ferskynd
De fytstocht Rûntsje troch de Wâlden hat op snein 20 septimber dochs in hjerstedysje. De maitiidsedysje gie dit jier net troch fanwegen de koroana, mar de lokaasjes hawwe genôch romte om minsken in moaie dei te bieden. De tocht by it smûk skaadzjend beamtegrien del kin ek mei help fan in app fytst wurde. Fia izi.travel op eigen mobile telefoan is de fyftich km lange tocht net allinnich maklik te folgjen, mar de app jout ûnderweis ek noch nijsgjirrige ynformaasje oer it plak dêr’t men as fytser is (fergees del te heljen).
De tocht hat seis saneamde rêstpunten dêr’t men wat nuttigje kin. Leafhawwers of belangstellenden kinne ien fan dy lokaasjes as startpunt brûke, want men kin op it trajekt troch de Wâlden hast oeral ynstappe. Foar dielnimmers dy’t yn ’e omkriten fan Kollum wenje is teetún Blommeparadyske oan it Paradyske 3 yn Kollum in moai plak om te begjinnen mei tee of kofje mei gebak.
Dyselde foarsjenningen binne der ek by de Forelpoel yn Kollumersweach en ek dêr kinne minsken oan it Rûntsje begjinne. It binne twa fan de seis pleisterplakken dêr’t start wurde kin. De oare fjouwer binne De Leidraad oan de Efterwei yn ’e Falom, Deibesteging De Skuorre oan de Ryksstrjitwei/Bosksingel yn Noardburgum en Kadowinkel Op ’e Stâl oan ’e Foarstrjitte yn Bûtenpost.
De fytstocht laat de dielnimmers in rûntsje troch de Fryske Wâlden en yn ’e ‘oare Wâlden’, lykas it gebiet om de tsjerkedoarpen hinne neamd wurdt. It lêste fan de seis pleisterplakken is Teetún De Hollen oan ’e Easterdyk 16 yn Ryptsjerk. Wa’t mei de izi.travel-app reizget, kin fia de telefoan by eltse halte in ferhaal hearre oer it plak dêr’t hoholden wurdt foar kofje of tee.
Advys is om wol betiid te starten om oeral lekker de tiid te hawwen om efkes te sitten en wat te brûken of de lokaasje te besjen. In moaie deifolling om de moaie Wâlden op ’e fyts te ferkennen.
Datum: 20 septimber tusken 10 en 17 oere.
Wa’t mear witte wol, kin op ’e Facebookside fan it evenemint terjochte.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje