Henk Wolf: Stilberne

septimber 24, 2020 17:28

As in popke al yn it memmeliif ferstjert, dan kin men it deaberne neame. Dat wie lang de gebrûklike oantsjutting, dy’t lykop gong mei de oantsjuttingen yn besibbe talen. Tink oan doodgeboren yn it Nederlânsk en deaberne yn it Dútsk.

Yn it Nederlânsk en Dútsk binne sûnt in pear jier alternativen yn gebrûk, dêr’t it wurd foar ‘dea’ ferfongen is troch in wurd foar ‘stil’: stilgeboren en stillgeboren. Ik ha dy ûntwikkeling sûnt 2016 folge en der in pear stikjes oer skreaun. Twa jier lyn konstatearre ik noch dat it Frysk net meidie oan dy fernijing.

Dat is wilens feroare. Hjoed stiet op omropfryslan.frl foar it earst stilberne – fansels in streekrjochte ferfrysking fan dy oare foarmen.

Wêr’t dy foarmen mei stil- wei komme, is net wis, mar grutte kâns dat it Ingelske stillborn as foarbyld tsjinne hat. Yn it Ingelsk is dat al hûnderten jierren in gebrûklike oantsjutting. It is wol maklik te rieden wêrom’t minsken sa’n nij wurd foar kar nimme: de dea is en bliuwt it taboeûnderwerp en foar guon minsken is it net noflik om dêr sa streekrjocht oer te praten of se tinke dat se oaren wat mije as se der in bytsje omhinne prate.

Dr. N.M. Postema hat it yn syn prachtich boek Om ‘e wivedei hinne, oer bertetradysjes yn Fryslân, oer deaberne poppen. Yn folksferhalen wurdt it meast mei in tiidwurd omskreaun: dan wurdt der sein dat in frou in dea popke krige of dat in popke dea geboaren waard.

septimber 24, 2020 17:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.