Hâld my fêst (gedicht)

septimber 12, 2020 09:30 Fernijd

Hâld my fêst

Foto: pixabay.com

Hâld my fêst, eefkes, foardatsto my sitte litst.
Fiel dyn twastriid, dyn twivel, mar it is te let.
Joech net ta oan myn gefoel, dat wol better wist.
Datsto leafde fûnst by immen oars yn ’t bêd.

Hâld my fêst. Ik rûk oan dy, dyn âlde swit.
Boude myn libben yn muorkes om dy hinne.
Do tinkst oan har, ’k wit sekuer wêr’t de pine sit.
Sjoch net om, mocht ik dy nochris foarby rinne.

Hâld my fêst, mar einlings wol ik dy net mear.
Do hast myn leafde ferret, bist it leafst by har.
Us tiid tegearre…, oan dy tinke docht my sear.
Ik kin dit net, wol dit net, mar haw hjiryn gjin kar.

Hâld my fêst, om’t ik dy oars fermoardzje sil.
Dyn skuld, dizze skandalige situaasje, dizze klucht.
Gean fuort, út myn hûs, fan binnen bin ’k kâld en kil.
Ik fersûp yn myn emoasje, bin benaud, krij gjin lucht.

Nimmen hâldt my fêst.
Nimmen hâldt my.
Nimmen hâldt.
Nimmen hâldt fan.
Nimmen hâldt fan my.

Sander, Oerterp

(Ut de bondel Brutsen en oare stikken, fan 1 novimber ôf te ferkrijen.)

septimber 12, 2020 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.