Grutte wetteroerlêst yn suden FS troch orkaan Sally

septimber 17, 2020 08:28

Orkaan Sally hat yn it suden fan de Feriene Steaten in grutte wetteroerlêst feroarsake. De orkaan kaam woansdeitemoarn pleatslike tiid oan lân en luts oer de stedsgebieten fan Mobile yn Alabama en Pensacola yn Floarida. Byinoar hawwe dy gebieten in befolking fan hast ien miljoen ynwenners.

Foto: morguefile.com

Yn elts gefal ien persoan is om it libben kaam. Trochdat de stoarm him stadichoan ferpleatst, mei in faasje fan mar fiif kilometer yn ’e oere, bliuwe reinbuien lang boppe itselde gebiet hingjen. Neffens de adjunkt-direktuer fan it Nasjonaal Hurricane Center komt it net faak foar dat in orkaan him sa stadich ferpleatst. Sally wie op it hichtepunt in orkaan fan de twadde kategory. Doe berikte de wyn faasjes fan hast 170 km yn ’e oere. Yn ’e rin fan de jûn swakke Sally ôf nei in tropyske stoarm.

Huzen strûpten ûnder en minsken binne troch it wetter ynsletten rekke. Rêdingswurkers hawwe al tsientallen minsken rêden, ûnder oare in húshâlding fan fjouwer persoanen dy’t him yn in beam yn feiligens brocht hie. In tal minsken koene de rêdingstsjinsten troch it hege wetter net berikke, mar neffens de berjochten soene de bewenners feilich yn harren eigen hûs wêze. Hja wurde ophelle sa gau’t it wetter him weromlûkt.

Lokale autoriteiten binne bang dat tûzenen minsken de kommende dagen foar it wetter op ’e flecht moatte. Folsleine doarpen moatte evakuearre wurde, tinke se. Yn guon regio’s is mear as in meter rein fallen. As gefolch fan de stoarm is in part fan in brêge yn in wichtige ferbiningsdyk, de Three Mile Bridge oer de Pensacola-baai, ynstoart. Der sitte likernôch in heal miljoen húshâldingen sûnder stroom.

Presidint Trump hat foar Louisiana en Mississippi de needtastân ôfkundige.

septimber 17, 2020 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.